Wetterskip Fryslân docht by mear wettersuveringen kontrôle op coronaspoaren

20 jul 2020 - 12:50

Wetterskip Fryslân sil tenei by tsien rioelwettersuveringen it ôffalwetter kontrolearje op spoaren fan it coronafirus. Op dit stuit binne dat der noch fjouwer. Njonken Ljouwert, Frjentsjer, Harns en Skylge komme der no ek kontrôles op de suveringen by De Jouwer, De Gordyk, Warns, Drachten en Damwâld by. Yn totaal binne der 27 suveringen yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Op de suveringen wurdt trije kear yn de wike in wettermeunster nommen. Dy meunsters wurde dêrnei by it RIVM ûndersocht. Dat wurdt dien om te sjen oft en hoe't it firus him ferspraat. Dêrmei kin Veiligheidsregio Fryslân wer maatregels nimme as dat nedich is.

As minsken besmet binne, litte sy fia de wc spoaren fan it firus efter. Dat is wichtich, want it firus is al earder te finen yn it rioel as dat minsken merke dat sy siik wurde. Dat wie op Skylge it gefal. Neffens it wetterskip is benammen yn plakken dêr't sikehuzen binne it firus werom te finen yn it rioelwetter.

Early warning-system

Suveringstechnolooch Sybren Gerbens fan Wetterskip Fryslân: "Wy diene it mei 4, mar wy fiere dat stadichoan op nei 10. It RIVM hat ús frege om dat wat te ferdielen oer de provinsje. Dêr binne wy mei akkoart gien. Wy hawwe oanbean om mei te dwaan oan dit ûndersyk, yn it begjin barde dat benammen noch yn it suden. It is in moai early warning-system foar it coronafirus. Wy hawwe op ferskate plakken coronadieltsjes fûn de ôfrûne moannen. Aldergeloks is dat by ús wol mei tige lytse oantallen."

Sybren Gerbens fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)