WoonFriesland docht technyske ynspeksje fan huzen tenei mei drone

20 jul 2020 - 10:56

Ferhierder WoonFriesland docht de technyske ynspeksje fan huzen oan de bûtenkant tenei mei in drone. It sosjaal ferhierbedriuw is dêrmei de earste wenningkorporaasje yn it lân dy't dat op dy wize docht. Op de drone sit in fotokamera mei in hege resolúsje.

WoonFriesland brukt drone

De drone fan Aeroscan kin bygelyks gegevens jaan oer gevels, dakbedekking en kezinen. Sa kin bygelyks houtrot gau fûn wurde. Fan moandei ôf sil WoonFriesland 1.000 hierwenten ynspektearje. Op de lange termyn moat de drone 20.000 objekten fan WoonFriesland kontrolearje.

Foto: WoonFriesland
(Advertinsje)
(Advertinsje)