Simmerblog: Simmer yn Noardburgum

20 jul 2020 - 18:00

Omrop Fryslân is hjoed de hiele dei yn Noardburgum. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Simmer yn Noardburgum
18:00
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Tiisdei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Peazens-Moddergat. Oant moarn!

17:46
De Wâldske brommerklup

Wêr't yn de winter in iisbaan leit, ferskynt simmers de Wâldske brommerklup. "It wie in gaos, dit hokje, dus sy sochten in bestimming. Doe is betocht, wy dogge der in brommerklup by yn." De trettjin leden fan de klup meitsje geregeld in tochtsje op de âlde brommers. "Fan terraske nei terraske."

Ferslachjouwer Willem de Vries by de Wâldske brommerklup

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
16:33
In camping yn 'e tún

As je net op fakânsje kinne, moatte je wat oars. Jurjen Veenstra hat dêrom in minicamping yn syn tún, wêr't syn freonen de simmer trochkomme kinne. "De bern fan ús freonen woene hjir ek graach sliepe. Wy seinen, 'dat kin wol mar dan moatte heit en mem ek bliuwe', want wy gean ús net elke moarn mei dy hokkelingen rêden," laket Veenstra "Wy ha gelokkich de romte derfoar."

Ferslachjouwer Willem de Vries op de camping

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
15:23
De Scherjon klompen

As je it oer Noardburgum ha, moatte je it ek oer Scherjon's Klompen ha. De klompmakkers sitte al seis generaasjes yn it doarp.

Ek yn coronatiid gie de ferkeap fan klompen gewoan troch. "Wy leverje ek oan bygelyks boubedriuwen, dy hiene it smoardrok," fertelt Hannes Scherjon. Hoewol't toeristen hieltyd mear klompen keapje, wurde de measte klompen ferkocht foar 'gewoan' gebrûk. "De minsken dy't de klompen yn it wurk en om hûs oan ha, binne noch altyd ús grutste ynkomsteboarne."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Scherjon

Hannes Scherjon - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
14:07
Muzikamer konserten

Frank Hoogcarspel en 'Gerard & Compagnie' woenen graach op lytsere skaal optrede. Sa kamen se op it idee om lytse húskeamerkonserten te jaan ûnder de namme Muzikamer.

Ferslachjouwer Willem de Vries by Muzikamer

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
13:14
It nije Toutenburg

Yn Noardburgum stiet it earste ferpleechhûs fan Europa, Nij Toutenburg. Ferline jier is der in nij gebou kaam, no ûnder de namme Toutenburg. "It is kompleet oars wurden," seit Brechje. "In hiele oare gearstalling fan de wenningen, in nije bewennersgearstalling, in nije teamgearstalling. Al mei al is it in hiele grutte feroaring wurden."

"Ik wurkje hjir al sa'n 35 jier, dus ik ha eins in hiel soad ferskillen meimakke. Foarhinne wie it in gebou mei hast oardel kilometer lange gongen", fertelt Marijke. No leit de fokus op minsken dy't Korsakov ha, en de saneamde gerontopsychiatry. 35 jier lyn wie dat wol in bytsje oars. "Dat wiene mear bewenners dy't tusken wâl en skip rekken en gjin oar plak hiene, út de psychiatry en ek dementearjende minsken."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Toutenburg

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
11:56
It Griene Libben

By It Griene Libben wurdt biologyske griente ferboud. Elke wike krije abonnees in pûdsje mei griente. "Je kinne it ek mei pallets nei de gruthannel stjoere, foar in lyts pryske," seit eigener Gosse. "Dit is in oare manier fan wurkjen, mar dat makket it wol persoanliker en wy fine it ynteressanter."

Ferslachjouwer Willem de Vries by It Griene Libben

11:00
'Midsomer Murders, mar dan mei krûden'

Krûden en planten mei genêskrêftige wurking, Tjitske Postma wit der alles fan. Se is der no al jierren mei dwaande. "Dan komst hiel wat tsjin. Je moatte alles witte fan it minsklik lichem, fan syktelear, fan de krûden, hoe set ik se yn en je moatte rekken hâlde mei medisinen", fertelt Postma.

Postma docht goed ûndersyk foar't se in krûd foarskriuwt. "Dan gean ik sykjen, wêr komt dat no wei? En dan gean ik fragen stellen." Sa pluzet se út wêr't it probleem weikomt.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Tjitske Postma

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:05
De Balstien

Yn Noardburgum en omkriten binne de oerbliuwsels fan de iistiid noch altyd goed te sjen. Ek troch de namme fan doarpshûs De Balstien. "De pingo's binne wol bekend, mar der sitte ek noch in enoarme heap stiennen yn de ûndergrûn," fertelt Jelte van der Veen. By it ûntginnen fan in bosk waard in grutte stien fûn. "Dy is hjir yn it doarp brocht, en is reden dat de namme Balstien kaam is."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by De Balstien

De Balstien - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:45
Fan heide nei doarp

Noardburgum is in noch relatyf nij doarp. "Begjin 1800 libbe it hjir mar wat fuort," fertelt Jelte van der Veen. "It wie eins gjin doarp mar in heide. En dêr wenne einliks in bytsje it útskot fan de doarpen om ús hinne, Minsken dy't yn Burgum wennen en it muoilik hiene waarden eins wat ferbannen en kamen terjochte op hutsjes op de Burgumerheide."

Noardburgum: fan heide nei doarp

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:30
Wolkom yn Noardburgum!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is hjoed te gast yn Noardburgum. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Willem de Vries dogge de hiele dei ferslach.

Freed wie Simmer yn Fryslân yn Wergea. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)