Omrop TIP: Spesjaal Skûtsjesjoernaal fan hjoed ôf te sjen

20 jul 2020 - 09:01

It hie oars de twadde wedstriiddei fan de SKS west. By de Feanhoop, mei hûnderten taskôgers en fjirtjin skûtsjes op it wetter. Dit jier is alles oars, mar in simmer sûnder skûtsjes is in stap te fier en dêrom start Omrop Fryslân moandei mei it Skûtsjesjoernaal. In spesjaal Skûtsjesjoernaal út it Skûtsjemuseum yn Earnewâld wei dêr't foaral it 75-jierrige jubileum fan de SKS sintraal yn stiet. Unike barrens, in soad histoarje en legindaryske anekdoaten fan eartiids.

Foto: Omrop Fryslân

Alle dagen sitte yn it Skûtsjesjoernaal twa gasten oan tafel. Skûtsjeskippers fan doe en no skowe oan, mar der is ek romte foar oare gasten. Moandeitejûn, yn de earste útstjoering, skowe SKS foarsitter René Nagelhout en njoggenfâldich kampioen Douwe Jzn. Visser oan. Sy prate ûnder oare oer de takomst fan de sport en it net trochgean fan de silerij dit jier.

Yn nostalgyske items sjocht Omrop Fryslân werom op de ôfrûne 75 jier. Moandei stiet de oprjochting fan de SKS sintraal. Fierder bringe ferskate keunstners in oade oer harren gefoel by it skûtsjesilen. De earste oade is fan Johannes Rypma.

It Skûtsjesjoernaal is fan moandei ôf twa wiken lang op wurkdagen te sjen om 17.30 oere, en dêrnei alle oeren, by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)