Rotonde yn N355/N369 by Twizel in pear dagen ticht

20 jul 2020 - 08:50

Provinsje Fryslân wurket fan 18 oant en mei 20 augustus oan de rotonde N355/N369 by Twizel. Dat wurk sil op jûntiid barre, tusken 19.30 en 5.30 oere kin it autoferkear der net del.

Foto: Google Street View

It ferkear sil omlaat wurde oer de N358, A7, N31 en de N356, fia Surhústerfean, Drachten en Hurdegaryp. It iepenbier ferfier rydt in alternative rûte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)