Kollum: "Us grientetún"

20 jul 2020 - 08:38

"Swiete ierdbeien, wol acht soarten slaad, farske krûden en prachtige artisjokken (der't wy suver wat mei oan binne, want hoe yn fredesnamme kinne je sa'n ding ite?). Us grientetún is gol. Dat wie fjouwer jier lyn wol oars...

Foto: Janneke de Haan

De toan fan Janneke de Haan

It wie desimber 2016 doe't wy ús hûs foar it earst seagen. Wy moasten wol efkes troch de 'winter' hinne sjen. Trije lapen gerslân mei twa fredich weidzjende dwerchponnys. Litte wy sizze in projekt. Want dit moast in grientetún wurde. Aldergeloks hie myn freon der wat ûnderfining mei, want my wie sa'n grientetúntsje fan 'e Appie sels noch nea slagge.

Wy oan de gong. Mar wat in bealch fol wurk! Ien reinbui en it ûnkrûd sjit as in spear út 'e grûn. Dat grienten yn 'e supermerk sa goedkeap binne? Dat kin dochs hielendal net?!

It earste jier wie wat houtsje-toutsje, mar no nei fjouwer jier mei help fan de skoanâlden, dy't elts wykein fanatyk stean te skoffeljen, kinne wy it yntusken aardich behappe. Eltsenien krijt in rûnlieding. En ik hear mysels grutsk fertellen oer de auberzjineplantsjes en de fan takken sels makke beantsje-konstruksje. De kennis komt net út 'e boeken, mar gewoan troch te dwaan en benammen troch ferkeard te dwaan.

Sa slagje dit jier pas de tomaten. Elts jier op 'e nij de rot der yn. En wit ik no ek dat twa koerzjetteplanten mear as genôch binne. In jier hiene wy sa'n tsien planten en kamen de koerzjetten my, myn freon, ús famylje, freonen en der ék wer freonen fan, de noas út. En dat it wichtich is om ûnkrûd tusken de slaad wei te heljen. Us mem soe in kear wat slaad plukke en doe hiene wy om it hapke in klaverke yn 'e mûle.

Om it hielendal ôf te meitsjen moast der mar ris in kas komme. Mar wat bin dy kringen djoer! No bin wy net fan dy jild-oer-de-balke-smiters. Dêrby keapje wy graach twaddehânsk. Better foar it miljeu ek. Dus wy twa wike lang Marktplaats ôfstrune. Ik koe op in stuit gjin kas mear sjen. Oeral stie by: 'zelf uit elkaar halen'. Wat in gesoademiter. Dus op nei de kasseboer.

Wisberet. It moast in lytske wurde fan polykarbonaat. De karre efter de auto, sadat wy it ding daalks meinimme koene. De hângel yn 'e tas, want it wie noch folop coronatiid. Neist de besite oan de supermerk alle wiken, hawwe wy nearne net west. Mar hoe moasten wy ús advisearje litte? Je geane net mei sa'n ferkeaper yn in kas stean te eameljen. Ek aerosolen groeie lekker yn sa'n ding.

Trije oeren letter en heas fan it razen (op ôfstân wiene wy dochs mar mei ien yn petear gien) stiene wy wer by de auto. De karre leech. Mar dochs slagge. De bút: in grutte glêzen kas mei automatyske temperatuerregeling. It ding wie sa grut dat it mei spesjaal ferfier komme moast. Wy wiene by in lytske begûn, mar as Sjakie yn it sûkeladefabryk koene wy al dat moais net wjerstean en wiene wy hieltyd in kaske opskood.

Mar wat in wille hawwe wy der fan. It groeit as it slydjaget. Ik haw der in stoel yn setten. Der is wier neat sa mindfulness as it diefjen (de lytse tûkjes fuorthelje) fan de tomateplanten.

De kôkwekker giet. De Opperdoeser jirpels (dy'st hjir eins sa net neame meist) binne klear. Servearre mei raande bûter, in skepke dopearten en wat skyfkes reade biet, lekker soarje litte yn balsamico-jittik, in sipeltsje en in leppel sûker. Mei in farsk aaike fan eigen hinnen.

Rint it wetter jim al yn 'e mûle?

It is in rykdom. Ek al hawwe jo mar in heale fjouwerkante meter: begjin in grientetún.

Yt lekker!"

(advertinsje)
(advertinsje)