Fleaner Christine Martens (34) fan Ljouwert omkommen by helikoptercrash Aruba

By Aruba is sneintemiddei in helikopter fan definsje delstoart. Twa fan de fjouwer bemanningleden binne om it libben kaam. It giet om de 34-jierrige fleaner Christine Martens fan Ljouwert, dy't ek bekend is as fashion-fotografe. Njonken har is ek de 33-jierrige koördinator Erwin Warnies ferstoarn.
Helikoptercrash Aruba
It tastel gie om 14.30 hinne (lokale tiid) fuort en kaam sa'n 12,5 kilometer út de kust wei yn de see telâne. De twa oare bemanningsleden binne der better foar wei kaam. Der is noch besocht Martens en Warnies te reanimearjen, mar dat hat net mear holpen. It ûngelok barde mei in patrûljeflecht foar de Kustwacht. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. Alle definsjehelikopters fan itselde type NH90 wurde foarearst oan de grûn holden om't it tastel ûndersocht wurdt troch de Inspectie Veiligheid Defensie.

Martens fan Ljouwert

Christine Martens kaam út Ljouwert wei. Sy hat tusken 2010 en 2015 ek piloate west op in SAR-helikopter op de Ljouwerter fleanbasis. Yn 2014 hat Omrop Fryslân har foar de radio ynterviewd oer it 55-jierrich jubileum fan de SAR-helikopter (sy is yn de twadde radiobydrage te hearren). De fleanbasis yn Ljouwert hat witte litten yntins mei te libbjen mei de famyljes, partners en freonen fan de omkommen kollega's.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Martens wie njonken har wurk as militêr ek fashion-fotografe en make-up-artyst. Sy hat dêrfoar de Photo Academy yn Amsterdam folge en die ek The Academy of Makeup yn Glasgow. Sy hat ûnder oare foar Vogue foto's makke.
De flagge healstôk by fleanbasis Ljouwert © Kappers Media
Premier Rutte seit dat er 'diep getroffen' is troch it ûngelok. "We leven natuurlijk zeer mee met de familie, met nabestaanden." Minister fan Definsje Ank Bijleveld is flink skrokken fan it ynsidint. "Mijn medeleven gaat uit naar hun naaste familie. Wij zijn allemaal diep geraakt," skreau sy op Twitter. Op defensie.nl is in kondoleaasjeregister opset foar de militêren dy't omkommen binne.
In NH90-helikopter op argyfbyld © ANP