Nij scanapparaat foar nukleêre genêskunde yn Antonius Sikehûs yn Snits

De laboranten fan de nukleêre genêskunde-ôfdieling yn it Antonius Sikehûs yn Snits wurkje fan moandei ôf mei in nij apparaat. It giet om in saneamde Spect-CT. Dat apparaat is in kombinaasje fan in gamma-kamera en in CT-scan. Sa kin der by nukleêr ûndersyk oanfoljend in CT-scan makke wurde as dat nedich is.
© Antonius Ziekenhuis
By de nukleêre genêskunde wurde radio-aktive stoffen ynset om sykten lykas kanker op te spoaren, dy't dêrmei goed te finen binne. Neffens it Antonius sikehûs kin mei de nije Spect-CT akkurater wurke wurde.