Boargemaster Brouwer docht fakânsjewurk yn Achtkarspelen

20 jul 2020 - 07:05

"Ik ben breed inzetbaar en een harde werker." Mei dy wurden sleat boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen syn oprop foar in fakânsjebaan ôf. Brouwer wurket yn de simmerfakânsje troch, mar hat fanwegen it simmerreses fan de ried krekt wat mear tiid om hannen. En dy tiid brûkt hy om better yn de kunde te kommen mei bedriuwen en minsken yn syn gemeente. Moandei sil Brouwer oan de slach by in hoveniersbedriuw.

"Wy sille yn it grien, want it wurdt in moaie dei," seit Brouwer. "Miskien rin ik de minsken somtiden ek wol wat foar de fuotten. Mar it giet der om dat je mei de minsken yn 'e kunde komme en yn petear gean. Witte wat der spilet. Je hearre de ferhalen as je mei de minsken prate. Ik haw no moai de tiid om dit te dwaan. In soad eveneminten geane net troch. Ik soe oars yn de sjuery sitte by it SKS Skûtsjesilen, dat giet ek net troch. Dus ik haw moai de tiid om dit te dwaan."

Witte wat der spilet

Foar de ynwenners is it moai dat de boargemaster delkomt, mar sels fynt er it ek leuk. "Ik sit hjir no oardel jier al boargemaster. Dan is it wichtich om sicht te hawwen op de gemeente. Dat kin mei minsken oan it buro, mar yn it fjild krije je wer oare ynsjoggen. Dêr giet it my om. En boppedat fyn ik it gewoan tige leuk om te dwaan. Minsken fine it wol geweldich. Kollega Klaas Agricola hat it ek wol dien, dus ik bin net de earste. En wa kin dat no sizze: de boargemaster op besite? Yn in overall ek noch."

Yn de melkput

Brouwer die op sosjale media in oprop foar fakânsjewurk. "Ik haw tsientallen reaksjes krigen, dus wy moasten selektearje. De iene dei sit ik yn in ferpleechhûs, de oare dei yn in melkput by in boer. Ik bin begûn by it bedriuw fan Johannes Marinus yn Twizel, in biologysk buorkerij. Dus om healwei seizen stie ik yn in melkput. Ik haw by de deibegesting yn Droegeham west, In Daalders Plak. Dêr binne minsken mei in beheining dy't moaie keunst meitsje. En freed haw ik yn ferpleechhûs 't Suyderhuys yn Surhústerfean sitten."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen

(advertinsje)
(advertinsje)