Bergsma, Drent en Kootstra winne Rengerspartij yn Ljouwert

19 jul 2020 - 18:12

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat sneintemiddei de Rengerspartij yn Ljouwert wûn. Bergsma-en-dy wûnen yn in spannende finale mei alles oan 'e hang fan Menno van Zwieten, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar: 5-5 6-6.

Dylan Drent oer de oerwinning yn Ljouwert:

Op dat beslissende punt sloech Van Zwieten de bal bûten. De lytse preemje yn Ljouwert by LKC Sonnenborgh gie nei it partoer fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Dat trijetal ferlear yn 'e heale finale fan Van Zwieten-en-dy.

Finalist Menno van Zwieten:

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra ferlearen op 'e twadde list ek fan it partoer fan Van Zwieten: 2-5 2-6.

Frouljuspartij Sint-Anne

Yn Sint-Anne pakten Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra snein de oerwinning yn de haadklassepartij by de froulju. Yn de finale waard mei 5-3 6-0 wûn fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. De lytse preemje gie nei Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

(advertinsje)
(advertinsje)