Sânskulptuer yn Kollum mei in stik hout fernield
In sânskulptuer yn de Foarstrjitte yn Kollum is yn de nacht fan sneon op snein fernield. It tydlike keunstwurk wie, nei twa dagen wurk, krekt klear.
Sânkeunstner en âld-Kollumer Sikke-Bart Frieling hat it makke. Hy boude de Maartenstsjerke, it eardere gemeentehûs en rjochthûs. Der wiene stekken om it byld fan sân hinne set, om it te beskermjen. Dochs is it mei in stik hout fernield.
Spitich
"Het is altijd een beetje een risico," seit keunstner Sikke-Bart Frieling. "Van het weer heeft de sculptuur geen last, als de mensen er maar af blijven. Het is jammer. Het zou hersteld kunnen worden, maar omdat ik workshops geef kan ik niet naar Kollum komen. De toren staat gelukkig nog, maar ik weet nog niet wat we gaan doen. Daar moeten we nog contact over hebben. Misschien kan ik nog een gaatje in de agenda vinden."
Frieling hat der wol wille fan hân om it te meitsjen. "Het is een vrij klein beeld, normaal maak ik grotere sculpturen. Dus het is in een dag te doen om het te maken. Na het werk in Kollum heb ik daar ook een workshop gegeven, dat vonden mensen erg leuk. Maar leuk is dit niet natuurlijk, het was de bedoeling dat dit deze zomer mooi kon blijven staan. Als dorp wil je ook wat leuks kunnen laten zien aan toeristen."