Bonifatiuskapel Dokkum omdoopt ta Corona Cinéma

21 jul 2020 - 07:05

De Bonifatiuskapel yn Dokkum wurdt omdoopt ta Corona Cinéma. Heal yn de iepenloft wurde dêr kommende freed en sneon films fertoand op in grut skerm.

Foto: Bonifatiuskapel Dokkum

Peter Sauermann fan Filmhuis Dokkum: "We lopen al een aantal jaren om met het idee om in de zomer op een locatie films te draaien. Corona heeft ervoor gezorgd dat we van deze droom werkelijkheid kunnen maken. We hebben twee tegelijk: een dak boven ons hoofd en veel frisse lucht. Een prachtig groot gebouw om dit te kunnen doen."

Dreech om útein te setten

Dochs hie it noch wol wat fuotten yn 'e ierde, leit Sauermann út. "Het was niet gemakkelijk om dit te realiseren. We presenteerden de plannen aan de gemeente toen er nog weinig mocht. Dus men was uiterst terughoudend. Toen de maatregelen werden versoepeld kregen we wel meteen een mail van de gemeente om langs te komen, dat vonden we wel heel alert. We kunnen aan alle regels uit de noodverordening voldoen nu."

It is in gearwurking tusken Filmhuis Dokkum, de Bonifatiuskapel en Kooistra AV fan Kollumersweach. "We hebben genoeg tijd gehad om het goed voor te bereiden. En heel veel ruimte. Dat maakt het een ideale plek om dit te doen. meer dan een bioscoop of theaterzaal. Het is wel de bedoeling dat het een vervolg krijgt. Er komen bezoekers vanuit heel Fryslân voor zover ik kan zien. Gelukkig is er wel belangstelling."

Op freedtejûn is de filmreprise fan Bonifatius de Musical te sjen yn de kapel, dêr't ûnder oare Syb van der Ploeg yn spile. Dat teäterstik waard live opfierd yn de kapel yn 2012. Op sneon is der middeis in bernefoarstelling mei Dr. Doolittle en op jûntiid in dramafilm.

It giet foarearst om in proef. By genôch belangstelling wurdt Corona Cinéma in augustus en september alle fjirtjin dagen werhelle, mei nije films.

Peter Sauermann fan Filmhuis Dokkum

(advertinsje)
(advertinsje)