Plysje Ljouwert yn aksje fanwege ferskate ynsidinten

19 jul 2020 - 10:18

De plysje fan Ljouwert moast sneon yn aksje komme fanwege ferskate ynsidinten yn de stêd.

Foto: ProNews

By in foarfal yn in wenning oan de Willemskade rekke in persoan ferwûne. De ambulânsetsjinst en de plysje kamen om help te ferlienen. De ferwûne persoan soe nei it sikehûs brocht wêze. De omjouwing fan de wenning waard foar ûndersyk ôfset mei plysjelinten. Wat der krekt bard is, is net bekend.

Gebietsferbod skeind

Op Over de Kelders waard in 56-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanholden troch de plysje. Hy hie him net oan syn gebietsferbod fan trije moannen holden. Nei ferhoar hat de plysje de man wer gean litten.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)