Omrop TIP: ABE!

Yn 1995 waard it grutte teäter- en fuotbalspektakel ABE! útfierd yn it stadion dat syn namme hat. Yn dizze SC Hearrenfean jubileumwike stjoert Omrop Fryslân de hichtepunten fan dat spektakel nochris út.
Omrop TIP: ABE! © Omrop Fryslân
ABE! waard fan 11 oant en mei 16 septimber 1995 útfierd yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Tryater tekene foar it teäterbarren ûnder regy fan Jos Thie. Der wurken mear as 500 minsken oan mei. Yn it troch Bouke Oldenhof skreaune stik spilen in protte bekende persoanen mei, lykas Peter Tuinman, Maarten Spanjer en Rinus Michels. De foarstellingen waarden besocht troch 40.000 taskôge­rs. Yn de lanlike en regionale parse krige ABE! rûnom grutte wurdearring.

Legindaryske wedstriid

Yn it spektakel steane de hichtepunten út de legindaryske fuotbalwedstriid út 1950, fan Hearrenfean tsjin Ajax sintraal. De Fryske ploech wûn doe mei 6-5, nei in efterstân fan 1-5. Fierders komt ûnder oare Abe Lenstra's fuotbaljeugd foarby en ek de oarlochsjierren en de blanko sjek dy't hy oanbean krige fan in Italiaanske klup. Dy dielen út it libben fan Abe Lenstra komme ek werom yn de kompilaasje fan in heal oere dy't Omrop Fryslân fan ABE! sjen lit.
ABE! snein 19 july op telefyzje om 17.30 oere (werhelling alle oeren). Foarôfgeand oan ABE! is de dokumintêre 'Ofskied fan in machtich man' oer Riemer van der Velde te sjen.