Supporters SC Hearrenfean fiere 100-jierrich jubileum mei fjoerwurk

19 jul 2020 - 08:16

In groep supporters fan SC Hearrenfean hat sneontejûn it 100-jierrich jubileum fan de fuotbalklup feestlik fierd mei fjoerwurk.

Foto: Dennis Stoelwinder

Om alve oere hinne rûnen de fans sjongend fan de Nieuwstraat nei it Abe Lenstra Stadion. By it stadion waarden der fakkels en fjoerwurk oanstutsen. It soe gean om in spontane aksje fan de supporters. De plysje wie der by om alles yn de gaten te hâlden.

Foar sneintejûn hat Nieuw Noord, de feriening foar fanatike supporters fan SC Hearrenfean, ek in fiering oankundige op sosjale media. Moandei is it 100 jier lyn dat de fuotbalklup oprjochte waard.

(advertinsje)
(advertinsje)