Bysûnder skûtsje sylt op it wetter fan de Pikmar by Grou

It SKS-skûtsjesilen giet dit jier fanwegen corona net troch, mar dat betsjut net dat de skippers de boaten stillizzen litte. It evenemint soe oars sneon offisjeel begjinne en dêrom giet in tal skûtsjes wol it wetter op, wêrûnder it bysûndere skûtsje fan âld-skipper Anne Tjerkstra.
Bysûnder skûtsje te wetter op it Pikmar
It skûtsje is, mei in lingte fan twa meter, krekt grut genôch foar Tjerkstra om allinne yn te sitten. Mar dat is net alles; de yntinsje fan Tjerkstra wie om it skûtsje te brûken as deakiste. "De bedoeling wie dat ik mei dit kistje it krematoarium yn gean soe, mar de bern binne it der net mei iens. Sy fine it skipke fierstente moai."
Tjerkstra hat in pear winters oan it skûtsje wurke en kin der no sels ek yn sile. "Wy geane aanst wer efkes it wetter op, want it is prachtich om yn sa'n lyts boatsje te silen. Myn famylje sei ek: asto der yn leist skodzje wy dy der gewoan út, want wy wolle dy wol ferbrâne, mar it skûtsje net."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Neist it skûtsje fan Tjerkstra giene der sneon mear skûtsjes it wetter op. Fiif skûtsjes hâlde in eareronde spesjaal foar it 75-jierrich jubileum fan de SKS. Foarsitter René Nagelhout fynt it moai om te sjen dat de silers op eigen manneboet it wetter op gean. "Dit byld heart by de simmer fan Fryslân en it byld fan Fryske skûtsjes dy't oer de Fryske marren hinne geane. As ik it fertel, krij ik pikefel."

Jubileumwykein

De skûtsjes meie it wetter wol op, mar der meie gjin wedstriden syld wurde. De SKS is drok dwaande mei de tariedingen foar de rest fan it seizoen. Nagelhout: "Yn septimber hawwe wy ús jubileumwykein en as de regels it tastean, sille wy dêr ek in wedstriid organisearje. Gjin offisjele wedstriid, mar de striid om 'e jubileumbokaal."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers