Nije stjerrewacht op ‘tsjusterste plak’ yn it Lauwersmargebiet

18 jul 2020 - 19:46

De Ryksuniversiteit Grins bout op dit stuit in nije stjerrewacht op ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân: it Lauwersmargebiet. De nije stjerrewacht komt by it aktiviteitesintrum Lauwersnest fan Steatsboskbehear en is benammen bedoeld foar it groeiende tal stjerrekundestudinten. "We hebben ook al een sterrenwacht in de stad Groningen, maar daar kunnen niet alle studenten terecht", sa seit stjerrekundige Marlies van de Weijgaert. "Dit is echt de ideale plek."

Yn twa wykeinen wurdt de stjerrewacht mei help fan frijwilligers foar in grut part yn elkoar setten. En dat yn elkoar setten blykt noch in hiel gedoch. Sa docht bliken dat de hânlieding net hielendal doocht. "We hadden het draaiende deel al gemonteerd op de fundering en nu blijkt dat we daardoor niet bij bepaalde schroefjes kunnen. En dus moet nu alles weer uit elkaar", seit emeritus heechlearaar stjerrekunde Jan Willem Pel.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"En dat is niet de eerste keer, want vorige week hadden we kortsluiting en het probleem konden we alleen verhelpen door alles weer uit elkaar te halen." Dochs hawwe de frijwilligers der alle fertrouwen yn dat de stjerrewacht meikoarten te brûken is. "In september moeten de eerste studenten er aan de slag kunnen."

Aansten ek net-studinten

De nije stjerrewacht yn it Lauwersmargebiet is lykwols net allinnich bedoeld foar de studinten fan de RUG. Uteinliks meie ek net-studinten sa no en dan troch de teleskoop sjen. De earste kear sil nei alle gedachten by de Nacht fan de Nacht wêze. Dy wurdt ein oktober hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)