Syktocht nei famke by It Amelân hat djippe yndruk makke op helpferlieners en eilanners

18 jul 2020 - 14:15

De sykaksje fan ôfrûne wike nei it fermiste Dútske famke by It Amelân hat djippe yndruk makke op de minsken dy't meisocht ha. It lichem fan it 14-jierrige famke waard freed nei seis dagen fûn flakby in boareilân yn de Noardsee, noardeastlik fan It Amelân. In sykteam fan de Lanlike Ienheid fan de plysje fûn it stoflik omskot. Nettsjinsteande de tryste ôfrin, oerhearsket de opluchting dat se fûn is.

Foto: Facebook SAR Nederland

Mear as 150 minsken ha meidien oan de syktocht, wêrûnder it Search and Rescueteam (SAR). In team fan frijwilligers siet de hiele wike op it eilân en op it wetter om alles ôf te sykjen. "Het is een hele bewogen week geweest", seit Houwina Postma fan SAR. "Een intensieve zoekactie en ook best wel emotioneel, ook vanwege de saamhorigheid van de eilanders die gigantisch mee hebben gezocht. Dan is het moment dat ze wordt gevonden bij iedereen grote opluchting, vooral voor de ouders, maar dan moet je gewoon weer verder."

Net allinnich SAR socht mei, mar ek ûnder oare plysje, brânwacht, de Kustwacht, de KNRM en in soad eilanners. Garnalefiskers fearen mei harren skippen yn liny by de kust del op syk nei it famke. Ek waard in dregteam en in spesjalisk marine-dûkteam ynskeakele. It wie in drege syktocht, seit Postma. "Het is zoeken naar een naald in een hooiberg, en de hooiberg is er ook niet. Het wordt moeilijk dan, het is moeilijk."

Gjin iepenbiere betinking

Snein soene alle helpferlieners in betinking hâlde op it wetter ta eare fan it famke, mar dy giet net troch. Postma: "Die is helaas afgezegd. Dit idee kwam naar voren, ook om de eilanders te bedanken en ook een stuk respect naar het meisje dat verdronken is en haar ouders die het op dit moment vreselijk moeilijk moeten hebben. Maar goed, het blijkt nu dat het een soort mediashow wordt en dat is niet onze insteek geweest."

Se sille it famke dêrom ynkoarten yn anonimiteit en stilte betinke. Postma fertelt dat in betinking net faak hâlden wurdt. "Dit doen we eigenlijk nooit. We hebben veel vermissingen en je kunt niet alles meenemen. Maar dit was ook een stukje respect laten zien aan de eilanders. Wat ze allemaal hebben gedaan voor alle hulpverleners, dat is echt met geen woorden te beschrijven. We zijn er stil van."

Houwina Postma fan it Search and Rescueteam (SAR)

Foto: Kappers Media

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân hat enoarme wurdearring foar alle minsken dy't meidien ha oan de syktocht en is bliid dat it famke úteinlik fûn is. "Gelukkig konden we de onzekerheid bij de familie wegnemen en hoewel het slecht nieuws was, duidelijkheid geven over de situatie van het meisje."

De boargemaster hat by de famylje west om se te kondolearjen mei it grutte ferlies. "Ze waren intens verdrietig", fertelt Stoel. "Lange tijd verkeer je in onzekerheid en hou je rekening met deze optie. Op zo'n moment is dat natuurlijk heel verdrietig nieuws voor die mensen."

Tank oan de eilanners

De famylje fan it famke waard de hiele wike opfongen troch eilanners. Se koene langer bliuwe yn it appartemint dat se hierd hiene en letter waard der noch in oar appartemint oanbean. Stoel hat grut respekt foar de wize wêrop't de eilanners de saak oppakt ha. "Daar wil ik ook mijn dank voor uitspreken."

De eilanners binne enorm skokt, seit Stoel. "Het is 25 jaar geleden dat dit voor het laatst gebeurd is en iedereen leefde mee met de familie en dacht mee, ook met een herdenkingsplaats in het strandhuis om de familie een hart onder de riem te steken."

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân

(Advertinsje)
(Advertinsje)