Omrop TIP: 'Machtich man' Riemer yn Fryslân DOK

18 jul 2020 - 11:33

Yn de 100-jierrige skiednis fan SC Hearrenfean belibbe de klup syn meast suksesfolle perioade ûnder Riemer van der Velde. Yn de Fryslân DOK 'Ofskied fan in machtich man' (2006) folget Arjen de Boer him yn syn lêste jier as foarsitter.

Hûndert jier ferlyn, op 20 july 1920, waard de fuotbalklup Hearrenfean oprjochte. Dêrom djippet Fryslân DOK de dokumintêre 'Ofskied fan in machtich man' op út it argyf. Makke yn 2006, mar ek no nijsgjirrich om te sjen. Ommers, fjirtjin jier nei syn ôfskied fielt Riemer van der Velde him noch altyd belutsen by de klup.

Riemer van der Velde stie bekend as in man mei in skerpe noas foar jonge talinten. Tal fan bûtenlânske fuotballers dy't letter wrâldferneamd wurde soene, begûnen har ynternasjonale karriêre by SC Hearrenfean. Programmamakker Arjen de Boer folge Van der Velde yn syn lêste jier as foarsitter op scoutingreis nei Spanje.

Yn in boatsje op de Langwarder Wielen filosofearret er oer fuotbal en de oerienkomsten mei syn hobby: fiskjen. We sjogge hoe't hy syn netwurken ûnderhâldt as gasthear fan bekende Nederlanners yn syn eftertún, by it skûtsjesilen by Langwar, mei ûnder oaren Afonso Alves.

Yn de Fryslân DOK mear bekende minsken lykas de fuotballer Paul Bosvelt, coach Guus Hiddink en Hil Lenstra, de frou fan Abe. En wa't altyd neist Riemer stiet en ek in haadrol hat yn dizze film: syn frou Annie.

Fryslân DOK: Ofskied fan in machtich man

  • Sneon 18 july, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 19 july 13.10 oere)
  • Snein 19 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
(advertinsje)
(advertinsje)