Nij ynternetplatfoarm helpt doarpen om mear lokaal iten te keapjen

In nij digitaal platfoarm moat it doarpen en wiken makliker meitsje om mei lokaal iten oan de gong te gean. Yn Sibrandabuorren sette it platfoarm Voedselwerkplaats freedtjejûn offisjeel útein yn doarpstún Us Hôf mei in saneamd doarpediner foar hûndert gasten.
Doarpendiner
Dielnimmers oan it doarpediner © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It digitale platfoarm helpt minsken mei de oanlis fan in doarpstún en in buertmerk, dêr't se lokale produsinten foar útnûgje kinne. It inisjatyf wurdt breed stipe troch ûnder oare Doarpswurk.
Sa'n buertmerk hat net in soad dielnimmers nedich, sa seit Bregje Hamelynck fan de Voedselwerkplaats. "Je hawwe sa'n fyftjin húshâldens nedich en dan kinst dyn eigen feriening begjinne; in 'voedselcoöperatie'. Mar dat klinkt wat dreech, dus neame wy it buertmerke. Kinst dan de lokale boeren en produsinten freegje om harren produkten op dy digitale merk te setten foar dyn eigen doarp. Minsken kinne dat bestelle en de lokale boeren kinne it leverje en op dy wize ferkeapje."
Bregje Hamelynck sprekt de iters ta © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dizze wurkwize is net folslein nij. "Wy neame it wolris de lokale Bol.com, mar dan foar de lokale 'voedselmarkt'", sa laket Hamelynck. It idee wurdt al mei sukses útfierd yn doarpstún Us Hôf, dêr't Hamelynck mei har man de inisjatyfnimmer fan is.
"Wy hawwe it hjir no fjouwer jier lang útprobearre en it wurket gewoan. Je kinne gelyk begjinne, want je hawwe de biologyske gruthannel as achterfang. Dus wy hawwe altiten alles", leit se út.