Yllegaal feest mei sa'n hûndert minsken yn Ljouwerter parkje

18 jul 2020 - 10:25

De plysje hat freedtenacht in ein makke oan in yllegaal feest yn in parkje oan de Noarder Stienplaat. Der kamen by de plysje meardere meldingen binnen fan in mooglik feest yn de Froskepôlle. Nei ûndersyk die bliken dat dit oan de oare kant fan it wetter wie, yn de wyk Suderbuorren.

Foto: Twitter, @politie_lwdn

Yn it parkje wie in komplete dj-booth en bar ynrjochte. Der wiene sa'n hûndert persoanen oanwêzich. De organisator hat nei in petear mei de plysje it feest stopset en de rommel opromme.

Trefwurden: 
Ljouwert yllegaal feest
(Advertinsje)
(Advertinsje)