Waadeilannen fol mei toeristen: Undernimmers bliid, mar "houd afstand"

18 jul 2020 - 08:45

De Waadeilannen sitte fol mei toeristen. Troch de coronakrisis geane in soad Nederlanners op fakânsje yn eigen lân. De kustgebieten en it Waad binne tige populêr. De toeristen binne fan herte wolkom op de eilannen, want it foarseizoen wie in drama. Dat is no hielendal oars. Wa't no noch nei Flylan wol, fisket efter it net, seit foarsitter fan de eilanner ûndernimmersferiening Corinne de Groot.

Waadeilannen fol mei toeristen: Undernimmers bliid, mar "houd afstand"

De Groot is tige wiis mei de rekreaasje en it toerisme op Flylân op dit stuit. "We hebben heel veel blije toeristen die hier naartoe komen. De hotels hebben niet te klagen over de bezetting, dus we zijn tevreden. De hotelkamers die vrij komen zijn meteen weer bezet. Eerlijk gezegd had ik dit niet durven dromen. We hopen natuurlijk wel dat iedereen de 1,5 meter in acht houdt."

Toerist hat syn nocht fan corona

Sy tinkt net dat it te drok is op Flylân. "Het is een klein eiland en daardoor lijkt het alsof iedereen bovenop elkaar zit. We proberen zo goed mogelijk te handhaven door fietsen te weren uit de dorpsstraat op drukke momenten. Als men niet meer mag parkeren is er ruimte voor de voetgangers en de noodzakelijke afstand kan houden. We merken echter wel dat de gemiddelde toerist er ook wel een beetje moe van is en eigenlijk het liefst wil doen alsof er niets aan de hand is." Dat kin eins net, en dêrom bliuwt de ûndernimmersferiening wizen op de ferantwurdlikens fan gasten en ûndernimmers.

De Groot begrypt wol dat de fakânsjegongers de jaachline wat sjitte litte. "Het gevoel van vakantie is: we gaan los. Dat snappen we, maar we willen iedereen toch vragen om de 1,5 meter te handhaven. We willen het zo vriendelijk houden als dat het is."

Ynhelslach

De foarsitter jout ek oan dat it seizoen ta liket te fallen. De ferwachtingen wiene dramatysk, mar úteinlik pakt it oars út. "We hebben het gevoel dat we een inhaalslag aan het maken zijn. Als het zich zo doorzet en iedereen zich aan de maatregelen blijft houden en we veilig door kunnen blijven ondernemen, dan hebben wij een heel aardig seizoen gedraaid. Onze indruk is dat de mensen die komen ook wel geld willen besteden."

Corinne de Groot, foarsitter fan de ûndernimmersferiening op Flylân

Op Flylân binne oeral maatregels naam fanwege it coronafirus. Sa wurde gasten fan camping Stortemelk troch de húsdokter test as sy klachten hawwe. De camping hat dy maatregel yn it protokol stean. Yntusken binne fyftjin toeristen test, mar oant no is de útslach hieltyd negatyf.

"Zodra mensen zich niet lekker voelen of koorts hebben, dienen ze ons te bellen of zich te melden bij de receptie", seit direkteur Jan van der Veen fan Stortemelk. Dêrnei krije de gasten te hearren wat se dwaan moatte. As it net fertroud is, moatte se yn harren tinte bliuwe en in ôfspraak meitsje mei de húsdokter.

Direkteur Jan van der Veen fan camping Stortemelk op Flylân

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)