Kollum: "Makke skiep"

18 jul 2020 - 08:24

"Oer smaak falt net te twisten, sa seit it sprekwurd. Dat sprekwurd kin daalks de kliko wol yn, want oer smaak wurdt oars net dien as kedize, jammerje, seure, oerlizze, fergaderje en sels rjochters bûge harren oer smaak.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

No ha je fansels meardere soarten smaak. Je kinne it bygelyks ha oer sprútsjes. De helte fan it lân sil daalks sizze dat se dy net meie. De oare helte fynt se lekker. Ik fyn net folle oan slaad, mar myn frou en bern swarre derby. Wat my oanbelanget is slaad kninefoer. Ik fyn sprútsjes, boere- en oare koalsoarten en griene beantsjes lekker. Al soe ik myn hiele libben net ien kear wer slaad krije, ik soe it net misse. Mar dat wol net sizze dat ik in krústocht tsjin it iten fan slaad begjin, want dat moat elts lekker sels witte. Rauwe wytlof as slaadferfanger is trouwens in prima opsje.

Oer bepaalde regels kinne je ek fan smaak ferskille. Nim no bygelyks dy Ingelske kroechbaas. We libje yn in oare tiid as in pear moannen lyn, der wurdt ús foarljochte dat we oardel meter fan elkoar ôf bliuwe moatte. No ja, sa lang as it de KLM gjin jild kostet, want dan mei it fansels wol, 250 man/frou yn in fleantúch is sa feilich as de Nederlânske bank. En we traapje der ek noch yn. Wat dat oanbelanget binne we krekt skiep. Makke skiep.

It moaiste foarbyld fan it feit dat it gros fan de minsken makke skiep is, liet dy kroechbaas yn Cornwall sjen. Hy hat in lytse kroech, dêr't it oardel meter ferhaal dreech fol te hâlden is. De kastelein spande dêrom stroomtried yn syn kafee, sadat de klanten net by de bar hingjen bliuwe. Om gedoch mei regeljouwers foar te kommen, hong hy der in boerd oan, dêr't foar de stroomstjitten op warskôge wurdt. Dan is it legaal, sa sei er.

En it wurket. Minsken dogge krekt as de skiep en komme net oan de tried. Oan it ein fan it filmke bekent de kroechbaas dat der hielendal gjin stroom op de tried sit, dat makket it noch mear om jo de bûsen út te skuorren. Mar dat is myn smaak, der wurdt ek oars oer praat. Sels mar witte.

Myn fertrouwen yn de rjochtssteat hat it mei de willekeur yn regels en ynterpretaasjes dêrfan soms mar dreech, moat ik bekenne. Dizze wike krige dat fertrouwen wer in ekstra knoei, want de Ried fan Steat hat yn al har wiisheid besletten dat de fleurige appelgriene wenning fan de yntiids 83-jierrige frou Ineke van Amersfoort út Den Helder nei jierren striid dochs oerskildere wurde moat. Omdat der yn de buert in steltsje jankers mei in oare smaak wenje dy't de saak oankaarten ha. Ferline jier septimber ha ik der hjir ek wat oer skreaun.

Oer smaak falt net te twisten? As je alle oeren, tiid, formulieren, oerlizzen en ynspannings oer dat appelgriene hûske fan frou Van Amersfoort no ris yn jild omrekkenje, wat hie dêr in soad goeds mei dien wurde kinnen.

It wachtsjen is op moedige, wize skiep, dy't it sels oandoare om nei te tinken."

(advertinsje)
(advertinsje)