Dit jier al mear tikebiten yn Fryslân as yn hiel 2019

Yn Fryslân binne der dit jier al 335 tikebiten oanjûn. Dat binne der al mear as yn hiel 2019, doe't de teller op 295 útkaam. Ek hjir komt it bistje dus hieltyd mear foar. En 50 oant 60 persint fan de tiken hat de feroarsaker fan de sykte fan Lyme by him: de Borrelia-baktearje. It wichtichste advys: kontrolearje dysels nei in dei yn de bosk, of sels yn de eigen tún.
Op tekenradar.nl, dêr't minsken in melding dwaan kinne fan in tikebyt of klachten dy't se dêr oan oer holden hawwe, is goed te sjen dat de meldingen yn Fryslân tanimme. Dit jier waarden de earste biten al begjin jannewaris trochjûn. Ferline jier wie dat in pear wiken letter. Yn 2019 binne der yn totaal hast 300 biten trochjûn troch Friezen, dit jier is de teller de 300 al foarby, en it is noch net iens ein july.
"Een deel van die piek in meldingen kan ook verklaard worden door de aandacht die er steeds meer is voor de teek", seit Arnold van Vliet fan de Wageningen Universiteit. Hy is, yn 'e mande mei minsken fan it RIVM, by tekenradar.nl belutsen. Ein juny waard de 'Week van de Teek' organisearre, om foarljochting te jaan oer de risiko's fan biten.
De tikemeldingen, sa as te sjen yn de animaasje, wurde byhâlden troch wittenskippers fan it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) en de Wageningen Universiteit (WUR). De lokaasjes fan de meldingen binne op 'e rûge roai. Somtiden is it net mooglik om te efterheljen wêr't ien krekt in byt krigen hat. De kaart jout dêrom foaral in yndikaasje fan it tal meldingen troch de jierren hinne.
De lokaasjedata binne net daalks útjûn troch wittenskippers. Omrop Fryslân hat goed oardel jier lang alle meldingen op Tekenradar byholden en yn kaart brocht.
Tyk © Omrop Fryslân
Yn 2017 diene 1,5 miljoen Nederlanners melding fan in tikebyt. Dat is 30 persint mear as 10 jier dêrfoar, doe't der noch 1,1 miljoen biten registrearre waarden. Yn 1996 wiene it der sels 'mar' 600.000. Ut in resinte enkête docht bliken dat 15 persint fan de Nederlanners wolris biten is troch in tyk. Yn 1996 wie dat mar 6 persint.

Klimaatferoaring

In flinke stiging dus. De measte redenen foar dat tanimmen hawwe te meitsjen mei klimaatferoaring. As de bûtentemperatuer boppe de 5 graden leit, moatst al rekken hâlde mei aktiviteit fan tiken. En dat komt fansels hieltyd faker foar: de winter wurde sêfter en de froastperioaden wurde koarter en komme minder foar. "Dit zorgt ervoor dat het groeiseizoen van de teek langer wordt", seit Van Vliet.
Tiken hawwe sûchdieren nedich lykas reeën en mûzen, mar ek fûgels, om bloed te krijen. De dieren binne ek dragers fan de baktearje dy't Lyme feroarsaket. Se profitearje fan mear fruchten oan beammen, lykas bûkelnútsjes. Eartiids hiene bûken net alle seizoenen fruchten, mar troch de waarme seizoenen fan tsjintwurdich wol. Sa is der mear iten foar de gasthearen fan de tyk, wêrtroch't de tyk it hieltyd better nei it sin hat.
De yntree fan natuergebiet Nannewiid by Aldehaske © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ferslachjouwer Johanna Brinkman op tikejacht mei boskwachter Henk-Jan van der Veen
Boskwachters hawwe in soad te krijen mei tiken yn harren deistich wurk. Sûnt in jier as tsien wurdt der ek wer previntive foarljochting jûn oan boskwachters. De sykte fan Lyme is in beropssykte, en somtiden is in boskwachter troch de sykte wol in jier út de running.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen wurket ûnder oare yn it Fryske natuergebiet Nannewiid by Aldehaske en wit krekt wêr't de dierkes sitte. "Teken leven in bomen en struiken, maar zitten niet al te hoog. Zo kunnen ze dieren en mensen goed benaderen." Sa komme se in soad foar op plakken dêr't de bosk oergiet yn beamkeguod, of beamkeguod yn gers. De tiken witte dat yn sokke oergongsgebieten bisten delkomme, en wachtsje se dêr op.

Kontrolearje dysels

Mar ek op in gersfjildsje yn de tún kinne tiken foarkomme, seit Van der Veen. Ek Arnold van Vliet jout dit oan: "Een derde van de tekenbeten komt uit eigen tuin". Wichtich is om dysels te kontrolearjen nei in dei yn de natuer, mar dus ek nei it yn de sinne lizzen yn de eigen tún. As je in tyk gau fuorthelje, is it risiko op sykte lyts. Mar je moatte it wol dwaan. En let der ek op oft der in kring op de hûd komt nei de byt, dat is in yndikaasje fan de sykte fan Lyme.
© ANP
Tsjintwurdich hawwe guon tiken ek in firus by harren dy't in ûntstekking fan it breinflues feroarsaakje kinne: it tick-borne encephalitis firus of TBE. Koarts nei in tikebyt kin wize op dit firus en it is wichtich dat minsken dit melde by harren húsdokter.
Benammen grutte tiken bringe risiko's mei, seit boskwachter Van der Veen. "Hoe groter de teek, hoe ouder hij is en hoe vaker hij bloed heeft opgenomen van een dier dat mogelijk Lyme bij zich draagt." De lytse tiken binne dus minder gefaarlik as de grutte, mar je moatte se wol fuorthelje.