Weromrop: Sa makke Fryslân him klear foar Simmer 2000

Yn it jier 2000 stie Fryslân yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de doarpen waard fan alles organisearre. Dizze simmer sjogge wy alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne. Dizze kear in dokumintêre oer de tariedingen fan ferskillende aktiviteiten. Wy binne by de repetysjes fan it iepenloftspul yn Minnertsgea en yn Aldeboarn komt in reüny fan de Boonstra's.
Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.