Farmers Defence Force wol woansdei aksjefiere by it RIVM yn Bilthoven

17 jul 2020 - 22:34

Aksjegroep Farmers Defence Force is fan doel om takom woansdei te demonstrearjen by it RIVM yn Bilthoven. Dat hat foaroanfrou Sieta van Keimpema fan Nes bekendmakke.

Boereprotest by De Tynje - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De boeren wolle protestearje tsjin de feefoermaatregels dy't it kabinet nimt om de útstjit fan stikstof werom te bringen. De groep wol noch net sizze wat der op de planning stiet, mar wol is dúdlik dat it om 14.00 oere úteinsette moat.

(advertinsje)
(advertinsje)