Mielbesoarger rydt yn Ljouwert in stedsbus yn mei scooter

17 jul 2020 - 20:33

Oan de Huzumerleane yn Ljouwert is freedtejûn in mielbesoarger op in scooter in ridende stedsbus yn riden. It ûngelok barde doe't de bestjoerder fan de scooter fan de Huzumerleane de Oostergostrjitte oerstuts. Doe botste er tsjin de syddoarren fan de bus.

Foto: Kappers Media

De besoarger moast troch ambulânsepersoniel behannele wurde. It ûngelok barde krekt foar acht oere.

Trefwurden: 
bus ûngelok scooter
(advertinsje)
(advertinsje)