Weromrop: De oare kant fan trainer Foppe de Haan yn Fryslân Foppe (2004)

17 jul 2020 - 18:33

SC Hearrenfean bestiet 100 jier en dêrom sjogge we dizze wike werom mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne. Yn 2004 naam Foppe de Haan ôfskied as trainer fan SC Hearrenfean. De doe 60-jierrige trainer siet dat jier foar it lêst op de bank by de kompetysjewedstryd tsjin FC Twente. Yn de dokumintêre 'Fryslân Foppe' is ek de oare kant fan de trainer te sjen: it aaisykjen mei syn maten en it fuotbaljen mei syn pakesizzers.

Omrop Fryslân stiet wiidweidich stil by it 100-jierrich jubileum fan SC Hearrenfean. Mei alle wiken in nije podcast online oer in ikoanyske wedstriid út it ferline, moaie programma's út it argyf fan Omrop Fryslân en fan moandei 13 july ôf sjogge we mei reportaazjes en artikelen in wike lang werom op bysûndere mominten út de histoarje fan fan de Fryske fuotbalklup. Alles is te finen op dizze spesjale jubileumside. Op Weromrop.frl binne noch folle mear âlde reportaazjes en programma's te finen oer SC Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)