Stoflik omskot blykt fan Dútsk famke (14)

17 jul 2020 - 18:15

It lichem dat freedtemiddei út de Noardsee helle waard, is fan it Dútske famke fan 14 dat sûnt 11 july mist wurdt. In sykteam fan de Lanlike Ienheid fan de plysje hat it stoflik omskot noardeastlik fan it eilân fûn, net fier fan in boareilân. In skip fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij hat it dêrnei nei It Amelân brocht.

Byld fan de syktocht op woansdei - Foto: Kappers Media

It lichem is troch de KNRM fan Skiermûntseach oerdroegen oan de KNRM fan It Amelân. It lichem leit yntusken yn de aula fan It Amelân. De famylje is op de hichte.

Yn stilte betocht

Der wie sprake fan dat der in iepenbiere betinking komme soe, mar dy giet net troch. It famke wurdt no yn stilte betocht troch de helpferlieners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)