Der komt net in supermerk oan de Pôlle op De Lemmer

Der komt net in supermerk oan de Pôlle op De Lemmer. Dat is de konklúzje fan it ûndersyk dat gemeente De Fryske Marren útfierd hat. Neffens it rapport dat opsteld is, is der gjin needsaak foar mear oerflakte oan supermerkflier. In ferpleatsing fan in supermerk nei de Pôlle of njonkenlizzende Zeedijk soe neidielich wêze foar it sintrum fan De Lemmer. Ek ferwachtet de gemeente problemen op it mêd fan ferkear en miljeu.
De Pôlle op De Lemmer © Google Street View
De ûndernimmers fan it plak ferskille fan miening oer ferpleatsing of nijbou. De measte supermerken binne tsjin. Ynwenners sjogge wol leaver in winkel op dizze lokaasje.