Start fierljepseizoen yn Burgum: "Een afterparty is er helaas niet"

17 jul 2020 - 17:16

De primeur fan de earste fierljepwedstriid fan 2020 is foar Burgum. Sneon 18 july komme de ljeppers om 18.30 oere yn aksje. Dêr meie maksimaal mar 250 taskôgers by. En in neisit is der net, jout Hans Helmholt as foarsitter fan Fierljepferiening Burgum oan. "Normaal zitten de verdiensten vaak in de afterparty. Dat is er helaas niet. De speaker zal meteen na de wedstrijd verzoeken om het terrein te verlaten. Mensen klitten na de tijd vaak bij elkaar, dat moeten we nu niet willen."

Teije Dijk is foarsitter fan it Frysk Ljeppers Boun is wiis dat der wer it ien en oar kin. "Earst like it der op dat wy neat dwaan koene, útsein op ferieningsnivo om te trainen. Mar in pear wiken lyn hat it kabinet dochs wer grien ljocht jûn foar sport op kompetysjenivo. Wy hawwe wer in oanpaste kompetsysje makke.

Maatregels

Neffens Dijk is der genôch romte om 250 taskôgers kwyt te kinnen. "Wy hawwe allegearre maatregels troffen, ek yn oerlis mei it Nederlânske fierljepbûn. Sa binne wy op 250 minsken útkaam. Dy kinne wy goed kwyt, as de regels oanhâlden wurde. Benammen de 1,5 meter. By de yngong wurde minsken der op wiisd, ek mei in boerd. Der is in tafersjochhâlder op it terrein, de wc's wurde hieltyd skjinmakke, de kantine is sa dat minsken allinne by in buffet wat ôfhelje kinne. Sa besykje wy it te regeljen."

Learpunt

Dijk hat sjoen nei it foarbyld fan wedstriden op oare plakken yn it lân. "It die bliken dat minsken hingjen bleaune nei ôfrin fan de wedstriid. Dat wie wol in learpunt. Dêrom wolle wy minsken sneon der ek op oansprekke om it terrein te ferlitten en net mear by de kantine te sitten."

Minsken dy't de wedstriid sjen wolle, kinne dat ek online dwaan. Wa't der wol echt by wêze wol, moat op 'e tiid wêze.

Der is gjin reklame makke, seit foarsitter fan Fierljepferiening Burgum Hans Helmholt. "We hebben niets aan publiciteit gedaan, want we zitten zomaar boven de 100 man. Alleen al met de familieleden van de fierljeppers zelf. We hebben veel aanvragen gekregen voor kaarten. Maar wie het eerst komt, wie het eerst maalt."

Hy wie wol ferrast doe't de datum fan 1 septimber nei 1 july helle waard. "Toen zijn we als voorzitters van de afdelingen in Fryslân bijeen gekomen om de start bij het Keningsljeppen te leggen. Dat wordt het niet, maar we hebben wel de openingswedstrijd. We hebben al een proefopstelling gemaakt voor de jeugdwedstrijden. Dat was geen probleem, dus voor de grote wedstrijd is dat het ook niet."

(advertinsje)
(advertinsje)