Part N31 by Ljouwert skoft ôfsletten nei slim ûngelok mei motorrider

17 jul 2020 - 16:45

Op de N31 op hichte fan de Harlingerstraatweg by Ljouwert hat in slim ûngelok west. Troch noch ûnbekende oarsaak is in motorrider fallen. Fanwegen it ûngelok wie de N31 fan Frentsjer út yn de rjochting fan Ljouwert, tusken Marsum en Ljouwert ôfsletten.

Foto: ProNews

Twa ambulânsen en de traumahelikopter wiene op it plak fan it ûngelok om de motorrider fan medyske help te foarsjen. Wat der krekt bard is, is op dit stuit noch net bekend. De plysje sil in ûndersyk opstarte nei de oarsaak fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)