Veiligheidsregio Fryslân: coronaboeten benammen fan begjinperioade

17 jul 2020 - 17:00

Ljouwert en Noardeast-Fryslân binne de 'koprinners' as je sjogge nei it tal coronaboeten yn Fryslân. Dat waard bekend út de sifers dy't De Volkskrant opfrege hat by it Iepenbier Ministearje. Neffens plakferfangend foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân Jannewietske de Vries falt it yn Fryslân noch bot ta. Ek seit sy dat de boeten benammen út de begjinperioade komme.

Foto: ANP

Der binne wol ferskillen tusken provinsjes. Yn de gemeente Ljouwert waarden 155 boetes útdield, yn Noardeast-Fryslân mar 54. "De ferskillen binne ôfhinklik fan de plakken dêr't de ynsidinten west hawwe. Je kinne je foarstelle dat yn Ljouwert in hoareka-konsentraasjegebiet is. Dêr binne mear minsken, moasten wy faker hanthavenje en hawwe wy mear boeten útdield. Op it plattelân fan Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en myn eigen gemeente Súdwest-Fryslân ûntrint it inoar net sa bot. Dus je binne ôfhinklik fan eksessen dêr't yngripen wurde moat," jout De Vries oan.

Neffens har falt it op dit stuit ta. "It giet benammen om de begjinperioade. Foaral de jongelju boppe de 12 jier fûnen it dreech om harren oan de regels te hâlden mei de 1,5 meter. Ek by hotsports: parken, skatebanen en hoareka. Mar op dit stuit wurde der net mear in soad boeten útdield."

Ferantwurdlikens

Feskillen tusken de oanpak moatte der net wêze, seit sy. "Wy hawwe in unifoarme line ôfpraat en de hanthaveners pakke it oeral op deselde wize oan. Sy besykje earst yn in goed petear it op te lossen, en as dat net slagget kin der in boete skreaun wurde. Dat is oeral yn it noarden itselde. Mar net by elts drok plak kinne wy in hanthavener delsette. Dus wy rekkenje ek op de ferantwurdlikens fan minsken. Wy moatte besykje om dy twadde weach tsjin te hâlden. Mar wêr't it nedich is, pakke wy it oan."

Jannewietske de Vries, plakferfangend foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)