Provinsje hellet keunst nei bûten: Jopie Huisman Museum komt mei app

It Jopie Huisman Museum yn Warkum hat yn gearwurking mei Provinsje Fryslân in mobile webside makke. Dêrmei moatte minsken de plakken yn keunstwurken yn real life opsykje kinne. Sa is keunst ek bûtendoar te belibjen. Op ferskate plakken yn Fryslân komme bankjes mei in QR-koade. Dêrmei kinne minsken yn 'e kunde komme mei it ferhaal fan bygelyks in skilderij dat op dat plak makke is.
Keunst bûten belibje © Provinsje Fryslân
It Jopie Huisman Museum wurket foar dit projekt gear mei it Fries Museum, Museum Belvédère, Museum Drachten, Hannemahuis, Museum Hylpen, Fries Scheepvaartmuseum en Tresoar. It bankjesprojekt kostet 45.000 euro. Ek is der mei stipe fan Museumfederaasje Fryslân in nij ticket-reservearringssysteem opset. Dat kinne Fryske musea brûke om de doarren yn coronatiid wer iepen te hâlden.