Fiskers ferienigje harren yn platfoarm foar Waadseefiskerij

Fiskerij-organisaasjes yn de Waadsee hawwe in platfoarm oprjochte. It 'Waddenzeevisserij Platvorm' kin út namme fan alle fiskerijsektoaren oerlizze mei oerheden en natuerorganisaasjes. It sil de Waadfiskers ek fertsjintwurdigje yn it krekt oprjochte 'Omgevingsberaad Waddenzee.' Foarsitter fan it platfoarm wurdt Addy Risseeuw.
Garnalefisker op de Noardsee boppe de Waadeilannen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Waadfiskerij hat in soad ferkillende kanten. Dat giet fan hânkokkelders oant mokselkwekers dy't allegear eigen organisaasjes hawwe. Mei-inoar binne dat der 15 dy't belutsen binne by de Waadfiskerij. Oant no ta oerlizze dizze organisaasjes foar harren sels mei inoar en mei oerheden en natuerorganisaasjes. It nije platfoarm sil dat tenei foar allegear dwaan.