Fryslân hellet folle minder op foar Reade Krús, wol mear as oare provinsjes

17 jul 2020 - 15:18

De kollekte foar it Reade Krús hat dit jier folle minder opbrocht as oare jierren. Troch it coronafirus koe der net by de doarren delgien wurde mar waard der online jild ophelle. Yn Fryslân waard mar 3.800 euro ophelle op dizze wize. Oare jierren waard der yn trochsneed sa'n 14.000 euro ophelle yn de kollektewiken.

Foto: ANP

Fryslân docht it nettsjinsteande it folle legere bedrach noch ferrassend goed yn ferliking mei de rest fan Nederlân. It jild dat binnenhelle is wurdt brûkt foar edukaasjeprojekten foar jongelju yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)