Lichem fûn yn Noardsee boppe It Amelân

17 jul 2020 - 16:50

Noardlik fan It Amelân is yn de Noardsee in lichem oantroffen, dat hat Plysje Fryslân oanjûn. Mooglik giet it om it Dútske famke fan 14 jier dat al in pear dagen mist is. Dat is lykwols noch net offisjeel befêstige.

Foto: Kappers Media

Op dit stuit leit in boat fan de KNRM inkelde kilometers benoardeasten fan It Amelân en noardwestlik fan de sânplaat Rif. Sûnt sneontejûn 11 july is in Dútsk famke weirekke. Freed en sneon soe SAR Nederlân foar de lêste kear besykje it famke te finen. De 'Search and Rescue' soe mei sykhûnen, in droneteam en paragliders op syk.

"Dit kun je maar één keer goed doen"

Wurdfierder fan de plysje Ernest Zinsmeyer leit út wêrom't der noch net mear bekend is. "Begin van de middag is er in de Noordzee een lichaam uit zee gehaald en geborgen. We houden er rekening mee dat het om het 14-jarige meisje gaat. Maar dat moet wel officieel worden vastgesteld. Je moet zekerheid hebben. Ook voor de familie die al bijna een week in onzekerheid leeft. Dit kun je maar één keer goed doen. Daarom zijn we terughoudend. Voordat we het echt zeker weten, maken we het nog niet bekend."

Op dit stuit wurdt der hurd wurke om mear dúdlikens te krijen. "Het lichaam wordt geborgen en gaat naar een plek waar het geschouwd en geïdentificeerd wordt, daar is ook een arts bij aanwezig. Zodra we meer duidelijkheid hebben, laten wij dat weten," jout Zinsmeyer oan.

Dútsk famke wei

De plysje hâldt der dus rekken mei dat it om it Dútske famke giet. De Kustwacht krige sneon om 22.30 hinne in melding fan swimmers dy't by it strân noardlik fan Buren yn de problemen wiene. It gie om it miste famke en har suske, dy't fuort wiene om nei de sinneûndergong te sjen. De húshâlding wie op fakânsje op it eilân. Harren heit besocht de famkes te helpen. Der is fuort en sykaksje opset mei rêdingsboaten fan de KNRM en in SAR-heliktopter. Ek plysje, brânwacht en omwenners sochten mei. De heit en it suske rekken net yn de problemen, mar it famke fan 14 wie fuort.

Midden yn de nacht is de Kustwacht opholden mei sykjen fanwege it heech wetter. Boargemaster Leo Pieter Stoel hat earder oanjûn mei te libjen mei de famylje, mar hy seach ek al dat de oerlibbingskâns lyts wie. Ek de dagen dêrnei slagge it net om it famke te finen, nettsjinsteande grutte sykaksjes.

Wurdfierder fan de plysje Ernest Zinsmeyer

(advertinsje)
(advertinsje)