Trond Sollied: "Heerenveen en Friesland hebben me verrast"

17 jul 2020 - 14:31

Foppe de Haan? Of miskien wol Gertjan Verbeek? As de suksesfolste coach fan sportklup Hearrenfean? Ja, fansels, mar de iennige dy't in priis wûn mei de klup is Trond Sollied. Yn 2009 wint hy de beker troch nei penaltys te winnen fan FC Twente. Reden genôch om yn it jubileumjier fan Hearrenfean mei de Noarske trainer te beljen.

Yn de simmer fan 2008 komt Trond Sollied nei It Hearrenfean. In ferrassende kar fan de direksje mei Yme Kuiper op dat stuit. Gertjan Verbeek moat nei fjouwer suksesfolle jierren de klup ferlitte en Sollied folget him op. Hy stiet dan bekend as prizepakker. Hy wurdt kampioen en wint de beker mei Olympiakos Pireaus en AA Gent.

Nei hast oardel seizoen krijt hy lykwols dien. "Ik had een mooie tijd, maar het was een beetje veel tumult. Dat was niet fijn. Ook niet voor degenen die er werkten. Ik kon goed met Yme Kuiper en Henk Hoekstra. Het gedonder kwam van boven. Dat was vervelend voor Yme en Henk. Dat ik ontslagen werd, was niet erg. That's all in the game. Een goede trainer is een keer ontslagen."

Noarwegen en Nederlân lykje op elkoar

"De directie en ik zaten altijd op één golflengte, maar er waren andere mensen die het niet met ons eens waren. Wie dat waren waren wil ik niet zeggen. Je moet geen mensen beschadigen. Maar voor mij persoonlijk was Heerenveen en Fryslân een ontdekking. De mensen, de rust. Het was net als in het dorp in Noorwegen waar ik opgegroeid ben. Noorwegen en Nederland kun je goed met elkaar vergelijken. Het is niet voor niets dat Kees Verkerk in Noorwegen woont."

Trond Sollied op in parsekonferinsje - Foto: Omrop Fryslân

Sollied is de opfolger fan Verbeek. In hiele oare trainer en dêr moatte se by Hearrenfean earst ek efkes oan wenne. Spilers seagen earst wol efkes frjemd nei Sollied. De earste twa wiken sei hy hast neat en blaasde by foaral op in fluitsje.

"Dat is correct. En in het voetbal moet je niet zoveel praten, maar doen. Als je in actie bent, moet je alles inzetten om je best te doen. De spelers keken eerst misschien wel heel raar naar mij, omdat ik een hele andere methode qua werken had. Maar voor de spelers was het denk ik heel tof. We haalden goeie resultaten met een normale ploeg zonder toppers." Hearrenfean einiget as fiifde en hy wint fansels de beker.

Bekerwinst 2009

17 maaie 2009 wint Hearrenfean de beker. Nei njoggentich minuten en ferlinging stiet it 2-2. Hearrenfean wint nei penaltys. "Dat was een fantastisch scenario voor ons en voor de fans. We speelden een mooie wedstrijd. We hadden een beetje geluk, maar wonnen wel." Sollied hie it alvetal goed stean. Kenneth Perez wie op it middenfjild gefaarlik by Twente, mar Svec skeakele him út en Sollied sette Viktor Elm op de 10-posysje. Taktysk stie it goed.

"Dat mogen de spelers zeggen", sa reagearret Sollied. "De trainingen op Ameland waren belangrijk. Bij elke training zorgde ik ervoor dat we gelijkspeelden tegen elkaar en dat ze penalty's nemen. Wij wisten precies wie de penalty's moesten. We waren heel goed voorbereid zonder dat de spelers dat wisten." De penaltys gongen der allegearre goed yn. "We waren daar ook heel zeker over dat dat goed ging komen. Ik was niet eens zo zenuwachtig voor de penalty's."

Yn de Hearrenfeanwike sjogge we elke dei werom op ûnderwerpen út it ferline fan sportklup Hearrenfean. Hearrenfean bestiet moandei 20 july 100 jier en Omrop Fryslân fiert dat mei ferskate reportaazjes. Elke moarn yn Fryslân fan 'e moarn sjocht ferslachjouwer Roelof de Vries werom op mominten út de skiednis, ha we fragminten fan de seis podcasts dy't Omrop Fryslan makke hat oer SC Hearrenfean en ha we in priisfraach. Jo as harker kinne dan it jubileumboek fan SC Hearrenfean winne.

Alles oer Hearrenfean en harren 100-jierrich bestean kinst weromfine op ús spesjale pagina oer Hearrenfean 100 jier.

(advertinsje)
(advertinsje)