Trije ton Iepen Mienskipsfûns-subsydzje foar 15 projekten yn Noardeast-Fryslân

17 jul 2020 - 14:00

It Iepen Mienskipsfûns Noardeast-Fryslân jout yn in twadde subsydzjeronde 300.000 euro oan fyftjin mienskipsinisjativen. Yn totaal soargje alle inisjativen foar in ynvestearring fan goed 1,2 miljoen euro yn leefberensprojekten yn dizze regio.

Iepen Mienskipsfûns - Foto: Provinsje Fryslân

It grutste bedrach giet nei de ferriking fan it Dokter Jacob Botkepark yn Damwâld. De Vereniging van Dorpsbelangen Damwâld krijt dêr 75.000 euro foar. Der giet 47.590 euro nei de ferduorsuming en útwreiding fan sealakkommodaasje De Lantearne yn Surhústerfean. FC Burgum krijt 35.000 foar de nijbou fan ûnderhâldsmateriaalopslach de Lytse Wester yn Burgum.

Subsydzjerondes

De earste subsydzjeronde wie fan 13 jannewaris oant en mei 6 febrewaris. Dizze ronde rûn fan 20 april oant en mei 14 maaie. De folgjende subsydzjeronde rint fan 7 septimber oant en mei 1 oktober. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of regio.

(advertinsje)
(advertinsje)