Deputearre Fokkens foeget die by it wurd en giet yn Fryslân op fakânsje

17 jul 2020 - 13:21

Gean yn eigen provinsje op fakânsje. Dat wie earder it advys fan deputearre Avine Fokkens. Dat alles fanwegen de coronakrisis. En se foege die by it wurd, want sels bliuwt se ek yn eigen provinsje. "We vonden het eigenlijk ook wel goed om de ondernemers die het ontzettend zwaar hebben gehad op die manier te steunen", seit Fokkens.

De deputearre is op dit stuit in wike yn Aldegea (Súdwest-Fryslân) en sil dêrnei noch in wike nei It Amelân. "Het is hartstikke leuk hier. Leuke dingen ook voor de kinderen. Echte watersportdingen, ze kunnen hier suppen, surfen en zeilen. Wat dat betreft genoeg te doen", seit Fokkens.

Gewoanwei giet de famylje Fokkens nei Italië. "Daar is het vaak wel iets warmer dan hier. Dat is misschien wel een nadeel van hier, echt het hele warme weer missen we een beetje. Maar het is niet koud hier. We zitten de hele dag buiten. Dus wat dat betreft is het prima", seit se.

Kombinaasje

Ek de dochter fan Fokkens, Sophie, hat it nei har sin. "Ik vind het wel heel erg leuk hier. Het is wel wennen en net wat anders dan Italië natuurlijk. Maar ik hou heel erg van windsurfen en dat kan hier ideaal. Dat is hier echt top om te doen en heel gezellig met de andere jeugd hier", seit sy,

Mar giet de famylje Fokkens no takom jier wer yn Fryslân op fakânsje? "Dan toch liever Italie, maar een combinatie zou perfect zijn. In Italië kun je natuurlijk ook wel windsurfen, maar niet zoals hier in Fryslân", seit Sophie. Har mem kin har dêr yn fine. "Ik vind het leuk dat de kinderen ook wat meekrijgen van andere landen. Maar ik zou ook nog wel een week naar Fryslân willen, met name watersport is voor de kinderen erg leuk", sa seit de deputearre.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers op besite by de famylje Fokkens

Avine Fokkens en har famylje op fakânsje - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
(advertinsje)
(advertinsje)