Keatsferiening Jutryp-Hommerts organisearret op 26 july haadklassepartij

17 jul 2020 - 12:47

Keatsferiening De Boppeslach fan Jutryp-Hommerts organisearret op snein 26 july, foar it earst yn syn bestean, in haadklassepartij. Dat is bysûnder, want de feriening is ien fan de jongste KNKB-klups. De Boppeslach waard oprjochte yn 2007. "It fielt foar ús as klup ek as in boppeslach", fertelt ferieningsfoarsitter Coos Veltman.

Foto: Henk Bootsma

"Foarige wike kaam los dat in oantal ferienings net organisearje koe en dat wie foar ús wol in kâns om te sjen oft wy dat foar elkoar krije koene", fertelt Veltman. De Boppeslach springt yn it gat dat keatsferiening Willem Westra fan Arum net opfolje koe. Bûten de coronatiden is de haadklassepartij fan Arum altyd de generale repetysje foar de PC.

Gearkomste

Oant no ta wie de keatsaginda foar augustus noch leech, om't in soad ferienings harren haadklassepartij annulearre hiene fanwegen de coronamaatregels. Goed 25 keatsferienings kamen dêrom ôfrûne tiisdei by elkoar op in gearkomste fan de KNKB. Doel: ferieningen ynformearje oer de mooglikheden dy't der binne om haadklassepartijen te organisearjen, nettsjinsteande alderhande coronaprotokollen.

Leden posityf

OKK Bitgum sei ta op snein 2 augustus in haadklassepartij organisearje te wollen. Jutryp-Hommerts joech oan iepen te stean foar de organisaasje fan sa'n partij, nei alle gedachten op snein 9 augustus. Dat is no 26 july wurden. "Wy seiden: we kinne dit net allinnich en we moatte by ús leden del. Oer it algemien hawwe dy der hiel posityf op reagearre."

Flink wat tariedings

It ferget neffens Veltman wol aardich wat tariedings. "We hawwe Boalsert frege hoe't harren protokol derút sjocht. Dêr binne we mei oan de slach gien." Tongersdeitejûn hold De Boppeslach in bestjoersgearkomste en beseagen se wat der barre moat. "Doe seiden we: we gean it oan! We hawwe noch net alles regele, mar we hawwe der fertrouwen yn dat we it foar elkoar krije."

Aginda opfolle

Dêrmei is de aginda aardich opfolle. "Foarige wike yn Moarre en Boalsert, dizze wike yn Ljouwert. Dan dogge wy de 26e wer en Bitgum twa wiken letter wer. Dan binne der ek oare ferienings dy't no noch de kâns hawwe om dêrnei yn de gatten te springen." Fierdere tasizzingen waarden der troch de oare ferieningen net dien.

Finansjeel sjoen, krijt De Boppeslach de saak rûn. De feriening is mei de gemeente yn petear oer hoe't se it mei taskôgers oanpakke sille. "Dat sil net folle ôfwike fan hoe't it yn oare plakken is. Der is in maksimum oan ferbûn fan 250 minsken. As dy der komme, binne wy hartstikke bliid."

Foarsitter Coos Veltman fan Keatsferiening Jutryp-Hommerts

(advertinsje)
(advertinsje)