GGD: fiif nije besmettingen yn Fryslân, gjin ien yn fersoargingshuzen

Der binne yn de ôfrûne wike fiif ynwenners fan Fryslân posityf test op it coronafirus. It totaal tal fan besmettingen yn ús provinsje sûnt de útbraak fan it coronafirus komt dêrmei op 643. Der binne yn de ôfrûne wike hast 1.900 minsken test.
De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De fiif besmettingen wiene ferspraat yn de provinsje. Der binne gjin besmettingen fêststeld yn fersoargingshuzen, meldt de GGD.

Fakânsje

Nettsjinsteande it lege tal besmettingen ûnderstreket de GGD it belang fan it testen litte by klachten, ek op fakânsje. Dat giet eins it selde as thús. "Wêr'tst ek bist yn Nederlân kinst it lanlike nûmer belje. Dan kinst tichteby dyn fakânsjeadres nei in testlokaasje en dan krytst ek gewoan op dyn eigen mobile nûmer de útslach wer werom. It giet eins it selde as thús. In útsûndering binne de Waadeilannen, dan moast nei de pleatslike húsdokter", sa seit Margreet de Graaf fan de GGD.
Margreet de Graaf fan de GGD