FriesBlond Kaas nije haadsponsor maratonploech Jillert Anema

17 jul 2020 - 11:24

FriesBlond Kaas is de nije haadsponsor fan de frouljusmaratonploech fan Jillert Anema. Ferline jier rieden de ploegen noch ûnder de namme Royal A-ware en Ziuz. FriesBlond Kaas is in produkt foar Royal A-ware en ûnder de namme FriesBlond/Ziuz giet de ploech no troch. In haadsponsor foar de langebaanploech hat Anema noch net.

Foto: Omrop Fryslân

Irene Schouten, Marijke Groenewoud, Carien Kleibeuker, Kelly Schouten en Maaike Verweij binne de reedrydsters dy't de ploech foarmjouwe. Ek Kleibeuker giet noch in jier troch. De 42-jierrige reedrydster is ferline jier wol defintyf ophâlden mei it langebaanreedriden.

Team EasyJet hat noch gjin opfolger

Foar de langebaanploech, mei ûnder oaren Jorrit Bergsma, hat Anema noch gjin nije sponsor. "Witsto in sponsor dy't dêr yn dizze tiid mei corona nocht oan hat?", sa stelt de Anema de fraach. "It is gewoan hiel dreech. We binne wol mei ferskate partijen dwaande, mar it is net ienfâldich."

EasyJet hat troch de coronakrisis de stekker derút lutsen. Se soene troch oant en mei de Olympyske Spelen yn 2022 yn Peking. "De oare sponsoaren hawwe dy tasizzing ek dien en bliuwe gewoan. Mar der moat noch wol wat by. We bliuwe hurd wurkjen om in partij te finen."

Jillert Anema oer de nije sponsor

(advertinsje)
(advertinsje)