Paragliders en hûnen fan SAR sykje femiste famke: "Het zal je kind maar zijn"

17 jul 2020 - 11:06

SAR Nederlân docht freed en sneon in lêste poging op It Amelân om it 14-jierrige Dútske famke dat sûnt sneontejûn fermist wurdt te sykjen. Hoewol't de offisjele ynstânsjes woansdei seiden net mear fierder te sykjen, wol de SAR trochgean: "Want het zal je kind maar zijn dat vermist wordt."

De SAR (Search and Rescue) sil mei sykhûnen, in droneteam en motorisearre paragliders wer ferskate sykslaggen meitsje.

Tongersdei diene garnalefiskers ek, op eigen inisjatyf, in lêste poging om it famke te finen. Goed 20 kotters begûnen harren syktocht oan de noardeastkant fan It Amelân. Yn liny fearen se yn westlike rjochting, oant healweis it It Amelân. Dêrnei setten se koers werom yn eastlike rjochting, om fia de eastkant fan It Rif en De Kalkman omleech te farren.

Se waarden dêrby assistearre troch de KNRM fan It Amelân, Skiermûntseach en Lauwerseach. Se troffen lykwols neat oan.

(advertinsje)
(advertinsje)