Ynreisferbod foar minsken mei langeôfstânsrelaasje ferromme: "Neat mear dat ús tsjinhâldt'

17 jul 2020 - 11:03

Goed nijs foar minsken dy't in leafde oer de grins ha: fan 27 july ôf mei harren leafde wer nei Nederlân komme. It kabinet hat besletten de regels foar it ynreisferbod yn ferbân mei it coronafirus te ferromjen foar minsken mei in langeôfstânsrelaasje. Dat is goed nijs foar ûnder mear Egbert Miedema (77), dy't in freondinne yn Amearika hat. "We ha inoar al in heal jier net sjoen", seit Miedema.

Fleantûg - Foto: Shutterstock.com

Miedema hat syn freondinne út súd-Carolina moete op in cruiseskip. "We ha no kontakt fia Whatsapp en byldbeljen", seit Miedema. Mar dat is fansels net it selde as yn it echt.

It wie de ferwachting dat it noch wol in jier duorje soe, foardat it pearke inoar wer sjen koe. Miedema is bliid dat dêr no feroaring yn komt "Ik bin ek gjin tweintich mear, dat ik noch in jier wachtsje kin", seit Miedema.

Ek Jeroen Boersma, dy't ferloofd is mei in frou út Amearika, is út de skroeven mei it nijs. "Ik bin foaral opluchte, dat der no yn prinsipe neat mear is dat ús tsjinhâldt. It gefoel dat as we wolle, we inoar no gelyk wer sjen kinne", sa seit hy.

Betingsten

Ut it belang fan de sûnenssoarch en it beheinen fan it coronafirus, binne oan de regeling wol betingsten ferbûn, lit justysjeminister Ferd Grapperhaus witte oan de Twadde Keamer. Sa mei it ferbliuw maksimaal 90 dagen duorje.

Om oan te toanen dat der in duorsume relaasje is fan minimaal trije moannen, wêrby't se inoar regelmjittich sjoen hawwe, moatte se in hânskreaune ferklearring ûndertekenje, op straffe fan meineed. Ek moatte de partners in retourticket hawwe. As minsken út lannen komme mei in koade oranje, dan jildt in triuwend reisadvys foar thúskarantêne foar fjirtjin dagen. Alle bewiisstikken, ferklearringen en eventuele garantstellingen moatte by oankomst yn Nederlân oan de dûane toand wurde.

Bûtenlanners dy't mei in Nederlanner troud binne, mochten de ôfrûne tiid wol nei Nederlân reizgje.

Egbert Miedema (77) oer it nijs

(advertinsje)
(advertinsje)