Undersyk nei dea Karin Grijpstra ôfskaald; te min oanknopingspunten

17 jul 2020 - 10:23

It ûndersyk nei de dea fan Karin Grijpstra, dy't op 23 febrewaris fan dit jier dea oantroffen waard yn Koarnjum, wurdt ôfskaald. Der is de ôfrûne tiid folop ûndersyk dien, mar fanwegen in gebrek oan oanknopingspunten giet it ûndersyk minder yntinsyf fierder. Dat meldt de plysje.

It lichem fan Karin Grijpstra (55) waard sneintemoarn 23 febrewaris oantroffen yn it wetter oan De Wier yn Koarnjum. Se gie de jûn derfoar nei alle gedachten nei bûten ta om de hûn út te litten. Doe't út earste resultaten fan de skou en seksje bliken die dat sy letsel oprûn hie dat lestich te ferklearjen wie, starte de plysje in Team Grootschalige Opsporing, om derachter te kommen hoe't se om it libben kaam wie en oft der mooglik sprake wie fan in misdriuw.

It ûndersyksteam hat wiidweidich buertûndersyk útfierd en forinsysk eksperts hawwe de sleat dêr't Grijpstra yn fûn is minusjeus ûndersocht. Dêr fûnen se in oantal persoanlike besittingen fan har werom. Ut de ferklearrings fan famyljeleden, freonen en bekenden die net bliken dat Karin rûzje mei ien hie.

Tsjûgen en spoare-ûndersyk

Op de jûn foar har ferstjerren wie der yn it buerthûs in toanielfoarstelling. De plysje hat ûndersocht wa't dêr oanwêzich wiene en oft dêr tsjûgen tusken sieten. Undertusken analysearre it Nederlands Forensisch Instituut (NFI) de letsels dy't Grijpstra hie en waard der DNA- en oar spoare-ûndersyk útfierd.

Dêrneist hat it ûndersyksteam ferskate kearen de help fan it publyk ynskeakele, ûnder mear yn it programma Opsporing Verzocht. Dêrop kamen yn totaal mear as 200 tips binnen, dy't it team allegear neirûn hat. Dat levere gjin nije oanknopingspunten op. In soad tipjouwers tochten mei mei it ûndersyksteam, meldt de plysje, en langen senario's oan, wêrûnder dat fan in oanriding.

Senario's

Forinsysk saakkundigen fan ûnder oare it NFI hawwe foar it ûndersyksteam ferskate senario's toetst; dat fan in oanriding, in misdriuw en in ûngelok. De mooglikheid dat Grijpstra oanriden is, bestimpelje de eksperts as heechst ûnwierskynlik. Fan de twa oare senario's jouwe de saakkundigen oan dat beiden in mooglikheid binne. Ek in kombinaasje fan in misdriuw, folge troch in ûngelok beneame sy as mooglikheid.

It team wachtet no noch op de útkomst fan inkelde ûndersiken. Salang't dat der net fan oertsjûge is dat it giet om in ûngelok, slute it it ûndersyk net definityf. It ûndersyksteam is yn oantal werom gien omdat der op dit stuit te min oanknopingspunten binne om fierder te ûndersykjen. Mocht der op basis fan nije ynformaasje dochs in nije ûndersyksrjochting nei foaren komme om op troch te resjersjearjen, dan pakt it ûndersyksteam dat direkt wer op.

Plysjewurdfierder Tessel Horsman oer de saak Grijpstra

De sleatswâl oan De Wier op it plak dêr't de frou fûn waard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De plysje seit him foarstelle te kinnen dat it foar de neibesteanden dreech is dat noch hieltyd ûndúdlik is wat der mei Grijpstra bard is, en dat sy mei in soad fragen sitten bliuwe dêr't it team mei de stân fan saken fan no gjin antwurd op hat. It bliuwt neffens de plysje in kompleks ûndersyk, dêr't it team yn wurkje moat mei net in soad oanknopingspunten. Foar de famylje bliuwt in resjersjeur beskikber, by wa't sy mei fragen telâne kinne.

Minsken dy't wat witte yn ferbân mei it ferstjerren fan Karin Grijpstra en dat noch net dield hawwe, kinne de plysje belje op 0900-8844 of anonym fia 0800-7000 of meldmisdaadanoniem.nl.

Jaap Keizer, foarsitter fan it doarpsbelang Jelsum-Koarnjum

(advertinsje)
(advertinsje)