Simmerblog: Simmer yn Wergea

17 jul 2020 - 14:47

Omrop Fryslân is hjoed de hiele dei yn Wergea. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:45
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Moandei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Noardburgum. Oant dan!

17:20
Noch efkes it kafee yn

Om de dei ôf te sluten hellet ferslachjouwer Miranda Werkman noch efkes in drankje yn Café 's Lands Welvaren. Dizze kroech wurdt eksploitearre troch tsien doarpsbewenners. "De leefberens yn it doarp moat wol bliuwe. Doe't it kafee tichtwie, die bliken dat de minsken ek thús bliuwe", seit Jan Willem Sinnema. "Wy sieten op in gegeven momint mei in pear jonges fan tritich plus yn it jeugdhonk, en dat kin net de bedoeling wêze. Dus twa-en-in-heal jier lyn ha we de kroech kocht."

De manlju fertsjinje der (noch) neat oan. "Der hat tritich jier gjin ûnderhâld west, dus al it jild dat we fertsjinje giet nei it opknappen fan it gebou", seit Sinnema. Mar dat is net sa slim: "We betelje ússels eins. We binne sels de grutste klanten, oars hiene we it ek net kocht".

Yntusken binne de manlju ek al wer dwaande mei in nij projekt. Der moatte nammentlik apparteminten boppe de kroech komme. "Foar de jongerein yn it doarp, om't we sjogge dat de jongerein yn ús doarp eins gjin plak hat. We ha no al mear oanmeldingen as dat we apparteminten hawwe. Dus it is wel echt nedich. Oars moatte se nei Ljouwert of nei Grou, mar se wolle leaver hjir bliuwe om't it gewoan in doarp fol libben is", sa seit Sinnema.

Ferslachjouwer Miranda Werkman yn it Wergeaster kafee

Jan Willem Sinnema yn it kafee yn Wergea - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
16:21
It doarpsbelang

Yn de Simmer yn Fryslân prate we elke dei mei it pleatslik belang fan it plak wêr't we binne, mar yn Wergea giet dat wat lestich... Se hawwe dêr nammentlik gjin doarpsbelang. In probleem dat yn in hiel soad doarpen spilet, mar dêr ha se no dochs wat op fûn, fertelt Dinie Boermans.

As der yn it doarp wat spilet of barre moat, dan wurdt der in wurkgroep formearre mei minsken dy't dêr wat mei ha of kinne. Dan giet it om ôfbeakene taken en dat wolle minsken noch wol dwaan.

De wurkgroep hjit Perspektyf. Dêryn sitte fiif of fjouwer minsken dy't saken oppakke en der de geskikte persoanen by sykje om it te dwaan. Sa bart der dochs fan alles yn it doarp.

Dizze wize fan wurkjen kin ek yn oare doarpen oppakt wurde, en der ha dan ek al doarpen west te praten om te sjen hoe't se it yn Wergea sa dogge.

Dinie Boermans - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman yn petear mei Dinie Boermans

15:38
Fakânsje yn Wergea

Ek foar de jongerein yn Wergea is it fansels fakânsje. Mar wat is der eins te dwaan? Ferslachjouwer Miranda Werkman kaam Thijs en Jurgen Glas tsjin yn it doarp. "Met vrienden afspreken en een beetje zwemmen", seit Thijs.

De bruorren ha skieden âlders en wenje foar in part yn Drinte en foar in part yn Fryslân. En dat befalt ek Jurgen prima. "Ik ga af en toe naar de stad, om met vrienden te hangen. Maar ik ga soms ook door het groen fietsen en met de boot varen. Ik hou erg van de natuur", seit Jurgen.

En as se no kieze moatte, wêr binne se leaver yn de fakânsje, Drinte of Fryslân? "Tot nu toe Fryslân. Het is een mooiere omgeving en je kan hier meer zwemmen", seit Jurgen. Ek Thijs kin him dêryn fine. "Voor mij ook Fryslân."

Thijs en Jurgen Glas yn Wergea - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman trof Thijs en Jurgen Glas yn Wergea

15:11
Brêgewipper Gerben

De Brêgebidlers wurde de Wergeasters ek wol neamd, dus moatte we freed fansels ek efkes sjen by de brêgewipper fan it doarp, Gerben Bielhout. Hy is nei in karriêreswitch by de brêge fan Wergea telâne kaam.

"Ik hie net sa folle nocht mear om op myn knibbels te krûpen", seit Gerben, dy't yn de skipsbou siet. "Earst siet ik altyd yn de wurkpleats en no bart der allegearre leven om my hinne. Wat in feroaring."

Gerben is ek de VVV fan Wergea. "Harstikke leuk. Minsken komme hjir mei fragen en om te sizzen hoe moai se it fine", seit Gerben.

Gerben Bielhout, de brêgewipper fan Wergea - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman yn petear mei brêgewipper Gerben Bielhout

14:04
Pop-upstore

Ek yn Wergea gean se mei de tiid mei, en dus hat it fenomeen pop-upstore it doarp ek berikt. De winkel is fan Anita van der Meer en Paula Wobbes en ferkeapet twaddehânsk guod. "Wy hiene net sa folle te dwaan en Paula en ik hiene noch wat leuk spul thús stean", seit Anita.

"Sa is it kommen, en wy hiene sa iets fan we dogge it gewoan en sjogge wol wêr't it skip strânet", seit Anita. It is al wol in bytsje út de hân rûn. "It soe earst in wykein, doe waard it twa wykeinen en no yntusken sil it twa moannen wurde. No is it safier, we binne op 3 july start. We krije in hiel soad reaksjes en elkenien fynt it leuk", sa seit Anita.

Ferslachjouwer Miranda Werkman wie yn de pop-upstore

13:46
Simmersk tafreel

Ek de boatsjeminsken witte it havendoarp Wergea freed wer goed te finen.

Boatsjeminsken yn Wergea - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
12:53
It doarpshûs

De behearders fan it doarpshûs yn Wergea sille ynkoarten ophâlde en dus komt de fraach op hoe't se no fierder moatte mei it doarpshûs. Dêrfoar is in wurkgroep oprjochte, fertelt Marian Houkes dy't dêr sels ûnderdiel fan útmakket.

"We hebben bedacht ook omdat we financieel wat in de problemen komen met het dorpshuis. We zingen het nog wel een tijdje uit, maar daarna houdt het op. We vinden daarnaast dat het dorpshuis veel meer leven in de brouwerij zou moeten zijn", seit Houkes.

"Het dorpshuis is eigenlijk voor het hele dorp. We willen dat het dorpshuis weer veel meer die functie krijgt, dat het ook voor iedereen is. Dat mensen dagelijks hier binnen kunnen komen om een kopje koffie te drinken, een krantje te lezen of een potje te schaken. Of dat mensen even naar binnen kunnen lopen om geholpen te worden met een computerprobleem", sa seit Houkes, Om dat allegearre foar inoar te krijen is in denktank oprjochte.

Ferslachjouwer Miranda Werkman prate met Marian Houkes oer it doarpshûs

Marian Houkes foar it doarpshûs yn Wergea - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
11:50
De Tsien fan Martens Afke

Wergea is ûnskiedber ferbûn mei De Tsien fan Martens Afke, ek wol bekend as Afke's tiental. By it byld fan Afke's tiental prate ferslachjouwer Miranda Werkman mei Geeske van Wijngaarden, nei alle gedachten de grutste samler fan de boeken oer De Tsien fan Martens Afke.

"Dat byld hat my altyd fassinearre. Op in gegeven momint komme je in boek tsjin, en dernei noch in boek. En dan tinke je, hoe soe dat begûn wêze? Dan begjin je te sparjen en ik ha no mear as hûndert boeken yn 'e kast stean", seit Geeske.

Geeske hat lykwols noch in pear gatten yn har samling. "De Japanse kin ik net fine. Ik ha al in brief skreaun nei it Japanse konsulaat, mar dy kinne my net fierder helpe", seit Geeske. Ek yn it Assameesk siket Geeske noch in boek.

Minsken dy't Geeske fierder helpe kinne, kinne in mail stjoere nei: redaksje@omropfryslan.nl

Geeske van Wijngaarden wit alles fan Afke's tiental

Geeske van Wijngaarden by it byld - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
11:45
No waste

Yn restaurant Oan Tafel meitsje se gebrûk fan natuerlike en lokale produkten. Mar it meast bysûndere is it 'no waste'-prinsipe. Dat betsjut dat se sa min mooglik fan it produkt fuortsmite wolle. "Maar er zal altijd iets wegmoeten", seit sjefkok Tom Zwerver. "Dat gaat in een groene bak en daarna naar Hylke zijn ouders. Die hebben varkens, en die eten het dan op", seit Zwerver.

Sjefkof Tom Zwerver en Mark van Benthem - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
11:16
Restaurant Oan Tafel

In restaurant iepenje yn coronatiid. Dat liket yn earste ynstânsje net in hiel goed plan, mar yn Wergea besykje Aaltsje de Boer en Hylke Tholen it dochs. "Sa hiene we it fan te foaren net betocht, mar it is wat it is.", seit Aaltsje. "We hâlde ús gewoan oan de maatregels en de minsken dy't wol nei binnen meie hawwe noch hieltyd in gesellige jûn."

It restaurant gie op 19 juny foar it earst iepen. "It is in dream dy't útkaam is. Dat is geweldich", seit Aaltsje.

It is in bysûnder restaurant wurden mei in karakteristike ynrjochting. "We ha in protte materiaal fan de sloop fan it kafee brûkt", seit Hylke, dy't ferantwurdlik is foar de ynrjochting.

Ferslachjouwer Miranda Werkman yn restaurant Oan Tafel

Aaltsje de Boer en Hylke Tholen - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
10:30
De haven fan Wergea

It tema fan Simmer yn Fryslân is dizze wike doarpen mei havens. Wergea hat in haven. Twa eins, ien foar minsken út it doarp en ien foar passanten. "We ha hjir 47 plakken foar minsken út it doarp. Alle plakken binne beset, op ien nei. Mar dy reitsje we wol gau wer kwyt", seit Dolf Velde fan de Wettersportferiening.

En ek foar passanten is der dus plak. Fyftjin yn totaal. "Dat is no best drok yn it simmerseizoen. Somtiden moatte se sels dûbeldlizze", seit Velde.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar praat mei Dolf Velde fan de wettersportferiening

Dolf Velde yn de haven fan Wergea - Foto: Omrop Fryslân, Dolf Velde
10:18
It sintrum fan Wergea

Wergea stiet bekend as it doarp mei de twa tuorren, mar kloppet dat wol? "Eins moat it it doarp mei de twa tuorren en de koepeltsjerke wêze", leit Meinderts út.

En Wergea hat noch in hiel soad oare âlde gebouwen, lykas de bakkerij út 1663. "Dit is ien fan de âldste gebouwen fan it doarp", seit Meinderts. "Eartiids wie dit Bakker de Jong fan it hoekje. As bern moasten we altyd nei de bakkers ta. Dan wie dit bakkerij fan it hoekje, dan kamen we altyd by de goede", sa seit Meinderts.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar rint mei Jan Meinderts troch it doarp

De âlde bakkerij - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
9:45
De Brêgebidlers

De Brêgebidlers. Dat is de bynamme fan de ynwenners fan Wergea. Mar hoe komme se dêr eins oan? Ferslachjouwer Arjen Bosselaar prate fan 'e moarn mei doarpskenner Jan Meinderts oer de skiednis fan it doarp.

"Wergea is in âld doarp. It is ûntstien by it Alddjip yn de jierren 1200. De grutte farrûte is de Wergeasterfeart. Der kamen hiel wat skippen, dy't fan Ljouwert nei it suden ta moasten. Dy moasten de hinne- en de weromreis betelje by de brêgen, dus dy wiene der wol in bytsje klear mei. 'Dy akelige bidlers altyd', sadwaande binne de Wergeasters de brêgebidlers wurden", sa seit Meinderts.

Dat liket net echt in namme op grutsk op te wêzen, mar neffens Meinderts leit dat oars. "De Wergeasters binne ek gewoan echte bidlers. Alles wat je hjir sjogge is mei jild út de mienskip wei. De tsjerke, it kafee en de jeugdsoas binne dêr foarbylden fan. Se binne dus altyd al oan it biddeljen west om dingen hjir klear te krijen, wêr't we no noch fan genietsje kinne", seit Meinderts.

Jan Meinderts, doarpskenner yn Wergea - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei

9:30
Wolkom yn Wergea!

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is hjoed te gast yn Wergea. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Miranda Werkman dogge de hiele dei ferslach.

(advertinsje)
(advertinsje)