Briedseizoen op It Gryn falt ôf foar in soad Waadfûgels

17 jul 2020 - 08:59

Troch min waar en in springtij begjin july kaam in soad lân ûnder wetter te stean. Dêrtroch hat it briedseizoen behoarlik min west op it fûgeleilân It Gryn by Skylge. "Belabberd", sa seit Jan Willem Zwart fan behearder Natuurmonumenten. Mar net alles is mislearre: de klikstirnsen hawwe sa'n 3.000 piken grut krigen.

Heech wetter op Gryn op 6 july - Foto: Date Lutterop

"Wy hiene in betide maitiid en daalks dêrnei rein en hurde wyn. Kinst dy foarstelle dat de jonge piken yn it skerpe sân gewoan sânstriele wurde. En dy oerlibje dat net", seit Zwart. Dat, en it springtij pakten bygelyks min út foar briedende eiders, lytse stirnsen, ûnwaarsfûgels en 150 spantsjes strânljippen. De leppelbekken hawwe earst noch wol piken grut krigen, mar fûgels dy't letter úteinset binne, hawwe it net oprêden.

Klikstirns

It oantal klikstirnsen dat ta brieden kaam is op it eilân wie mei mear as 4.500 spantsjes behoarlik heech. "Yn 2016 wiene der noch mar 600 spantsjes oer", sa wit Zwart. Wat dat oanbelanget, binne sy by Natuurmonumenten hiel nijsgjirrich nei hoe't him dat takom jier ûntwikkelet. Soarten lykas de wytstirns en de kobben sieten heech genôch om beskerme te wêzen tsjin it hege wetter.

Kobben

Foar de kobben jildt dat it al jierren min giet mei de soart. De no 16.000 briedpearen hawwe in pear hûndert piken grut krigen, mar dat is net genôch om de koloanje oerein te hâlden. De kobben binne wichtich om't sy tagelyk mei harren eigen nêsten ek dy fan oaren lykas de klikstirns beskermje tsjin predaasje fan gruttere fûgels.

In klikstirns mei jong - Foto: Date Lutterop

Hoe't it mei de lytse sjouwerman en de sulvermiuw gien is, is noch ûndúdlik. Dy piken sitte yn it hege gers en binne noch net sichtber, sa litte de fûgelwachters op Gryn witte. Ferline jier like der in probleem te wêzen mei net genôch fretten. Dat is dit jier oars. Der is mear as genôch lytse fisk te finen en te fangen.

(advertinsje)
(advertinsje)