Kollum: "Berneboarterij"

17 jul 2020 - 08:33

"Ast der flau fan bist omdatst efter in rige trekkers wachtsje moatst en te let op it wurk komst, begryp ik ek bêst, mar hé, it libben is gjin mearke, sels net op it plattelân! It liket miskien wol sa om't alles der altyd sa kreas hinne leit, mar efter de doarren fan in soad pleatsen rinne de frustraasjes heech op.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Us boeren hawwe de iene regel nei de oare oplein krigen. Dochs hawwe se har bêst dien om oan dy regels te foldwaan, want as it giet om it wolwêzen fan de bisten en de natuer, dan drage se it hert heech. Hjoed-de-dei wurde se oates en toates beskuldige dat se dyselde natuer geweld oandogge, mar echte natuer is hjir eins net mear.

Wy libje yn in park en dat beheare wy sa goed mooglik. Dêrom komt it bygelyks ek op 'e harsens ferkeard mei de wolf. Ik fyn it in prachtich bist hear, mar net foar yn in park. Eltsenien dy't in bytsje sûn ferstân hat, begrypt soks en dochs spaant er hjir wer om. Moai betocht efter in buro mar yn 'e werklikheid foar guon boeren en benammen de bisten, in drama.

Sa is it mei in hiel soad regels. Moai betocht mar it komt eins altyd oars en yn ús park meie se no ien kear graach oer regels. Wat ek hiel ferfelend is, is dat de measte amtners dy't dy regels betinke noait hiel lang achter itselde buro sitte. As der al ien is dêr'tst fatsoenlik mei prate kinst, dan is de kâns grut dat er samar ynienen wer in oare posysje hat en de opfolger betinkt gewoan wer nije regels, want dat is harren wurk.

Ek al seit de boer út ûnderfining dat it net ferstannich is, as se it oars dogge, binne de boeten heech. De measte boeren buorkje faak ek al generaasjes lang op deselde pleats en binne troch de jierren hinne lam slein troch it ferskaat oan amtners en ministers dy't se foarby kommen sjoen hawwe. Mar wylst dy minsken, regels en wetten hieltyd feroarje, bliuwt it wurk op 'e pleats fierwei itselde.

In boer beweecht mei op it ritme fan de seizoenen en soarget foar ús iten. Dat liket hieltyd minder wichtich te wêzen en soks begryp ik net! Op bygelyks Kurasao, dêr't se net har eigen iten produsearre ha, hawwe se neist grutte problemen troch de corona ék honger! Ik fyn it hiel wichtich dat we ús sels rêde kinne as de need oan de man komt en we hawwe wol sjoen dat it samar safier is.

As boeren útkocht wurde, de moed opjouwe of fan ellinde leaver emigrearje, dan ferdwynt der in soad kennis. Mar salang't der noch gjin tsiis en yochert út de printer rôlet, sjoch ik leaver in pear bunder lân fol kij as al dy fleantugen dy't foar de wille de wrâld oer fleane.

De boeren binne mei-inoar de grutste grûnbesitters yn ús park en tagelyk is der mear bougrûn nedich foar huzen en yndustry! Der is ek in filmke dêr't Rutte yn seit dat it folle makliker is om in pear 'weilanden leeg te trekken' as huzen yn in stêd te bouwen. Wurdt it de boeren ûnmooglik makke om sa in ordinêr spultsje fan lantsjepik te spyljen?

It wurdt heech tiid dat de oerheid ophâldt mei dy berneboarterij en in earlik spul spilet. Mar dat jildt net allinnich foar de boeren, dat jildt foar ús allegear. En ast te let op it wurk komst, besef dy dan datst in lúkseprobleem hast. Hieltyd mear minsken hawwe gjin wurk mear, mei tank oan alle regels dêr't net ien mear wat fan begrypt."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)