K.R. Poststrjitte op It Hearrenfean fan freedtejûn ôf ôfsletten

De K.R. Poststrjitte, ien fan de wichtichste tagongsdiken nei it sintrum fan It Hearrenfean, is de kommende 10 dagen ticht. De dyk moat oanpast wurde om It Hearrenfean better berikber te meitsjen. It oanpakken fan de tagongsdyk is ûnderdiel fan it gruttere projekt Heerenveen Beter Bereikbaar.
De K.R. Poststrjitte oan de stasjonskant op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It Hearrenfean is de ôfrûne desennia sterk groeid en de berikberens fan it plak stiet dêrtroch neffens wethâlder Jaap van Veen bot ûnder druk: "Dat is goed te merken in de ochtendspits. Het wordt steeds moeilijker om de A32 af te komen en vervolgens het centrum in te rijden." Ek yn de jûnsspits rint de fertraging foar ferkear dat de sneldyk op wol hieltyd mear op. "Door aanpassingen aan afrit 12 wordt die doorstroming fors verbeterd."

Grut projekt

It giet om in grut projekt, dat oant ein 2023 duorret. Net allinnich de ôfrit nei it sintrum wurdt oanpakt, ek dy nei Oranjewâld. Van Veen: "Het is opgesplitst in allemaal kleine delen." De kommende dagen wurdt der wurke oan de K.R. Poststrjitte, ien fan de belangrykste tagongsdiken nei it sintrum fan It Hearrenfean. Dêr komt in ekstra rydstripe en it asfalt wurdt ferfongen.

Kantoaren

Oan de K.R. Poststrjitte lizze in soad kantoarpannen. "Voor de kantoren is dat op dit moment even lastig. We kunnen natuurlijk niet zomaar een weg afsluiten, maar bepaalde werkzaamheden zullen op veilige wijze plaats moeten vinden." De dyk sil ôfsletten wêze oant moandeitemoarn 27 july. Van Veen mei freedtejûn it lêste boerd delsette om de dyk offisjeel ôf te sluten.

Turborotonde

De grutste feroarings sille wêze oan de eastkant fan de ôfslach sintrum. De wurksumens dêroan sette yn 2021 útein. "Daar zullen de verkeerslichten in het geheel worden verwijderd en er komt een turborotonde." Dat is in konstruksje wêrby't automobilisten al foar't se de rotonde opride harren rydstripe kieze moatte. "Zo kan het verkeer vlotter door dan met de verkeerslichten die er nu staan."

Troch soere apel hinne bite

Om sa min mooglik hinder te feroarsaakjen, wurde de wurksumens benammen yn de fakânsjeperioade, de wykeinen en de nacht dien. "We kunnen er niet omheen dat het de komende jaren overlast zal geven. Het is even door de zure appel heen bijten."
Wethâlder Jaap van Veen oer de wurksumens